Frysk ûnderwiismateriaal tenei op ien plak te finen

De nije webshop fan Taalplan Frysk 2030 is moandei iepene. Yn de webshop is fan no ôf al it materiaal foar it Frysk ûnderwiis op ien plak te finen.
Skoalbern © Leo Middelsé, Ilona de Vries
Ferskate Fryske taal- en ûnderwiisynstellingen wurkje gear om al it materiaal dat der foar Frysk ûnderwiis en ûnderwiis yn it Frysk beskikber is, op ien plak oan te bieden. Yn in nije webshop binne no boeken, lesmateriaal en promoasjemateriaal te finen foar skoallen yn alle ûnderwiissektoaren, op alle nivo's.
It doel is it sichtber meitsjen fan it Frysk, it Frysk lêzen te befoarderjen en om te helpen it fak Frysk, en fakken yn it Frysk foarm te jaan.

Taalplan Frysk 2030

De subsydzjeregeling 'Frysk foar no en letter' foar it Frysk ûnderwiis is moandei ek iepensteld. Mei dy regeling, ûnderdiel fan it projekt Taalplan Frysk 2030, wol de provinsje Fryslân helpe by it sichtberder meitsjen fan it Frysk op skoallen. Sa kinne de kosten foar les- en lêsmateriaal foar de Fryske taal foar 80 persint subsidiearre wurde.