Rianne de Vries makket woansdei olympysk debút by 1.500 meter shorttrack

Se is benammen bot ferromme; shorttrackster Rianne de Vries fan Akkrum sil woansdei har debút meitsje op de Olympyske Spelen yn Peking. De Vries is troch bûnscoach Jeroen Otter oanwiisd foar de 1.500 meter.
Rianne de Vries komt yn aksje op de Olympyske Spelen:
De 31-jierrige De Vries is der foar de tredde kear by op de Olympyske Spelen, mar se kaam noch gjin minút yn aksje. Yn 2014, 2018 en dit jier gie se mei as reserve foar de ploege-efterfolging.
"Ik wist yn it foar dat dit myn lêste Spelen binne. Dan wolst ek hiel graach ride", seit De Vries. It is hartstikke bysûnder dat ik op de lêste dei fan de Spelen myn debút meitsje."
Rianne de Vries © ANP
De Vries ried dit seizoen trije kear de 1.500 meter op in wrâldbekertoernoai. Har bêste resultaat wie it heljen fan de B-finale. In medaljekandidaat is se net.
"Ik ha gjin idee wat der mooglik is. Ik fyn it hiel lestich. In medalje is net realistysk. Dat is fansels wol it doel, mar ast sjochst nei wat ik dit seizoen riden ha, dan tink ik dat it de B-finale is dêr't ik thús hear. Ik hoopje fansels op in plak yn de finale, mar ik gok in bytsje op de B-finale."
Neist De Vries komt ek Suzanne Schulting woansdei yn aksje op de 1.500 meter.