Heit en mem Femke Kok ek teloarsteld: "Net de rit dy't se ride woe"

In reedridende dochter kin in soad spanning feroarsaakje. René en Ilja Kok witte dat út de earste hân. Har dochter Femke kaam snein yn aksje op de Olympyske Spelen.
De spanning siet der sneintemoarn al betiid yn by heit en mem Kok
Heit en mem moasten lang wachtsje foardat Femke yn aksje kaam op de 500 meter. Dy race wie pas om 15.15 oere.
Kok iepene prima, mar liet it yn de folle ronde wat sitte. Mei in tiid fan 37,39 waard se sechsde. De teloarstelling wie grut by Femke sels en datselde gefoel libbe by heit en mem.

Misserke

"It is skande. Se hie in misserke", seit mem Ilja. "Dit is net de rit dy't se ride woe", neffens heit René. "Se hat noch gjin race hân as ferline jier. De snelheid is net goed genôch."
It wie foar de 21-jierrige Kok har debút op de Olympyske Spelen. Oer fjouwer jier yn Milaan hopet se der wer by te wêzen. Dan hooplik wol mei heit en mem op de tribune. "Dat wurdt in doel, dêr geane we al fan út."