Op foarhân kânsleas Aris ferliest ek thús fan Donar

It hie in geweldige comeback wurde moatten, mar dat siet der nea yn: foar in plak yn de bekerfinale moast Aris mei mear as 33 punten ferskil winne fan Donar, mar it waard 70-80 foar de Grinzers.
Vincent van Sliedregt hope noch op in Disney-senario:
De misje wie op foarhân al sa goed as kânsleas, nei de hurde ferliespartij fan trije dagen lyn. Doe waard it yn Grins 91-58 foar Donar. Foar de besikers betsjutte it dat se guon spilers rêst jaan koenen.
Foar Aris wie it benammen saak om it goede gefoel wer in bytsje te krijen. Dat like aardich te slagjen, want by it skoft stie it lyk: 33-33. Nei in folle minder tredde kwart, wêryn't Donar leafst 30 punten skoarde, wie de efterstân wer behoarlik.
Yn it lêste kwart kaam de ploech fan Vincent van Sliedregt noch wol op likense hichte (68-68), mar yn de slotfaze luts Donar de wedstriid dochs nei him ta.
Ald-Donarspiler Tim Hoeve waard topskoarer oan de kant fan Aris. Hy kaam ta 21 punten, 5 rebounds en 4 assists. Quin Cooper makke 15 punten, Shaquille Doorson hie 14 punten en 16 rebounds.
Tim Hoeve brocht Aris noch hast foarby Donar:
Ald-Donarspiler Tim Hoeve waard topskoarer oan de kant fan Aris. Hy kaam ta 21 punten, 5 rebounds en 4 assists. Quin Cooper makke 15 punten, Shaquille Doorson hie 14 punten en 16 rebounds.

Striid yn BNXT League

Kommende woansdei treffe de twa ploegen elkoar foar de tredde kear yn minder as in wike: dan stiet de kompetysjewedstriid yn de BNXT League op it programma. Aris kin in stunt goed brûke om yn de race te bliuwen foar de top fiif. De bêste fiif ploegen pleatse har mei de fiif bêste Belgyske ploegen nammentlik foar de Elite A.