Femke Kok baalt enoarm: "Allinnich mar missers"

Reedrydster Femke Kok is swier teloarsteld mei olympyske har optreden op de 500 meter. "Ik wie der hielendal klear foar, mar dit wie in rit mei allinnich mar missers."
Femke Kok © Orange Pictures
Kok finishte yn 37,39 en waard dêrmei sechsde. Se baalt as in stekker. "Yn de trainingen ryd ik sa hurd en sa goed. De iepening wie hjoed ek supergoed, mar yn de earste bocht fleach ik der heal út. De krusing gong wol goed, mar de lêste bûtenbocht net en op it lêste stik hie ik wer in misser."

Medalje mooglik

Nei't se seach wat de winnende tiid wie, waard de teloarstelling allinnich mar grutter. "Mei dizze iepening hie ik dat ek helje kind. Ferline jier ried ik yn Thialf al 37,0. Ik baal hiel bot."
Ik tocht: shit, we ha mar ien kâns.
Femke Kok hie graach in twadde 500 meter riden
Oant en mei de Spelen fan 2014 gong it goud noch nei de rider dy't oer twa 500 meters it rapst wie. Sûnt de Spelen yn Pyeongchang fan 2018 moatte de sprinters it yn ien kear sjen litte. Funest foar Kok. "Ik tocht: shit, we ha mar ien kâns. Ik hie hiel graach sjen litten wat ik op in twadde 500 meter koe, mar dy ha we net."
Kok is noch mar 21 jier en as se dit nivo fêsthâldt, krijt se yn de takomst wol mear kânsen. Mar dêr wol se no net oan tinke: it moast no fuort goed. "Ik hie gjin lest fan senuwen, ik hie der just superfolle nocht yn. Ik kaam hjir om in goede rit te riden, dat is mislearre."

Oanrin Michelle de Jong net optimaal

Michelle de Jong is mei har trettjinde plak (37,97) ek net hielendal tefreden, mar pleatst it mear yn perspektyf. "Ik had heel graag beter willen rijden dan dit, maar de aanloop hiernaar toe was het niet optimaal."
In pear dagen lyn waard se nammentlik op in training ûnderút riden. "Toen had ik een beetje last van m'n rug. Ik wil geen excuses zoeken, maar het zorgt er wel voor dat ik niet top ben. Daar baal ik vooral van, want ik kan beter dan dit."
Michelle de Jong © Orange Pictures
It hie noch botter misgean kind, want De Jong siet ticht tsjin in diskwalifikaasje oan. Se hie in earste falske start en dêrnei skeelde it net in soad. "De starter wachtte heel lang en ik bewoog bij de start. Ik was bang dat ik opnieuw vals zou krijgen. Gelukkig mocht ik wel weg, maar ik zat niet lekker in de race."

Protte twivels

De Jong omskriuwt har ûnderfining op de Spelen as in 'moai learmomint'. Se hat bygelyks leard hoe't se mei alles omgean moat. "Ik heb nu dingen gevoeld die ik eerder niet voelde. De spanning bijvoorbeeld, ik heb nooit eerder gehad dat ik zo erg begon te twijfelen aan mezelf."
Har grutste twivelmomint? "Vlak na de val, twee dagen geleden. Ik voelde dat ik niet pijnvrij kon schaatsen, dan heb je er geen grip meer op. Maar daar leer ik van. Ik moet teruggaan naar de basis."