Femke Kok sechsde op 500 meter, Michelle de Jong trettjinde

Femke Kok en Michelle de Jong binne op de olympyske 500 meter respektyflik sechsde en trettjinde wurden. De titel gong yn in baanrekôr nei Erin Jackson út Amearika.
Femke Kok is teloarsteld nei har rit © ANP
Doe't Kok (21) oan de start stie, wie de rapste tiid fan Miho Takagi. De Japanske alleskinner hie in tiid delset fan 37,12. Kok har start wie goed, mar koe it rappe rûntsje fan Takagi net ferbetterje. Se finishte úteinlik yn 37,39 en like te balen doe't se oer de streek kaam.
Op foarhân wie Kok ien fan de outsiders foar de medaljes. Se begûn muoisum oan dit seizoen, mar like letter de foarm fûn te hawwen. Se ferbruts sels it Nederlânsk rekôr: Kok wie de earste Nederlânske frou dy't in tiid ûnder de 37 ried.
Yn Peking koe se har lykwols net mei de alderbêsten mjitte. Foar it brûns kaam se 0,18 tekoart.
Flak foar Kok hie Michelle de Jong al riden. Mei har sus Antoinette tusken it publyk kaam de 22-jierrige Rottumse ta in tiid fan 37,97. Dat wie úteinlik goed foar it trettjinde plak.
Michelle de Jong © ANP
It goud wie dus foar Erin Jackson. De topfavorite begûn fiif jier lyn pas mei reedriden en belibbe dit seizoen har grutte trochbraak. De Amerikaanse (29) wie der fjouwer jier lyn yn Pyeongchang ek al by, mar waard doe 24e. Dit jier wie se by de wrâldbekers al faak de bêste.

Mei tank oan Bowe

By de pleatsingswedstriden yn Amearika gong it noch wol mis, mar Brittany Bowe stie har plak oan Jackson ôf. Uteinlik koe Bowe sels ek noch nei Peking, om't Amearika in ekstra plak tawiisd krige.
Miho Takagi lei, krekt as op de 1.500 meter, beslach op it sulver. It brûns wie foar Angelina Golikova, dy't har baanrekôr kwyt rekke.

Utslach 500 meter froulju

1. Erin Jackson (FS) 37,04
2. Miho Takagi (JAP) 37,12
3. Angelina Golikova (RUS) 37,21
4. Vanessa Herzog (EAS) 37,28
5. Jutta Leerdam (NED) 37,34
6. Femke Kok (NED) 37,39
13. Michelle de Jong (NED) 37,97
Sjoch foar mear nijs oer de Olympyske Spelen op ús temaside. Dêr sjochst ek wannear't de Friezen yn aksje komme.