Gouden shorttracksters tinke oan Van Ruijven: "Ik weet zeker dat ze trots is"

De Nederlânske shorttracksters hawwe op de Olympyske Spelen in gouden medalje wûn op it ûnderdiel ôflossing. Se rieden in olympysk rekôr. Foar Suzanne Schulting is it de tredde olympyske titel.
Yara van Kerkhof, Selma Poutsma, Suzanne Schulting en Xandra Velzeboer © ANP
Schulting ried mei Selma Poutsma, Xandra Velzeboer en Yara van Kerkhof yn de finale. Se wiene fierwei de bêste ploech: fan it begjin ôf naam it Nederlânske team de lieding.
Poutsma begûn op kop by de froulju. Alve rûntsjes foar de ein moasten se de kopposysje efkes ôfstean, mar dat duorre mar koart mei tank oan Velzeboer. Binnen ien rûntsje leine de froulju wer op kop. It sulver gie nei Súd-Koreä en brûns nei Kanada.

Mei foarsprong oer de finish

Schulting ried yn de lêste rûntsjes wei fan de oaren en kaam mei in grutte foarsprong oer de finish. "Het is onbeschrijfelijk, ik besef het nog niet helemaal", seit Schulting flak nei de wedstriid. "Ik heb de longen uit mijn lijf geschreeuwd. Ik ben trots op de meiden en het team."
Earder dizze wike wûn Suzanne Schulting op de 1.000 meter. Fjouwer jier lyn wie sy dêr ek al de bêste op.
Ik weet zeker dat ze van boven heeft gekeken en dat ze echt ontzettend trots is op ons.
Suzanne Schulting oer Lara van Ruijven
Nei ôfrin wienen de froulju mei yn tinzen by Lara van Ruijven. De shorttrackster ferstoar yn 2020 yn de âldens fan 27 jier. "Lara zit ontzettend diep in ons hart. Ik weet zeker dat ze van boven heeft gekeken en dat ze echt ontzettend trots is op ons", seit Schulting.
Teamgenoat Yara van Kerkhof slút har dêrby oan. "Voor de rit keek ik even naar het hartje op ons pak en hebben we Lara gevraagd om ons kracht te geven. Ze is er gewoon bij, we hebben dit ook dankzij haar bereikt."