Bianca Bakker wint lêste maraton op keunstiis, Harm Visser fjirde

Bianca Bakker hat sneontejûn de lêste wedstriid om de Maraton Cup wûn. De rydster fan Wynjewâld waard dêrmei ek noch twadde yn it klassemint.
Hjir en dêr besochten wat groepkes fuort te kommen, mar sy krigen net in soad romte. Sa ried it peloton yn in grutte groep ôf op in massasprint.

Sprint of net?

Teminsten, dat tochten se. Mei 8 rondes te gean wie Janneke Elzinga ynienen fuort en sy ried de boel op hast tsien tellen, mar yn de lêste ronde waard se dochs wer byhelle.
Dochs in massasprint dus en dêr wie it Bianca Bakker dy't Maaike Verweij op de streek fersloech. Alwer de tredde oerwinning dit seizoen foar de Wynjewâldster.

Van der Geest kampioen

Lisa van der Geest kaam as sechde oer de streek en wûn dêrmei it klassemint. Bakker skoot troch har oerwinning troch nei it twadde plak, foar Ineke Dedden fan It Hearrenfean.
Bianca Bakker © Orange Pictures
Lykas by de froulju joegen ek de manlju inoar lang net in soad romte. Mei goeie reden: de top fan it klassemint stie ticht byinoar.
Op sân rondes fan it ein gie it dan lang om let oan doe't Royal A-Ware it peloton mar ris oanluts. Mar dêr wiene ek ynienen de riders fan Jumbo-Visma, dy't Harm Visser yn stelling brochten.

Op de streek

De Westereender waard yn goeie posysje brocht, mar yn de lêste meters kamen ynienen noch Bart en Evert Hoolwerf foarby. Crispijn Ariëns waard tredde, foar Visser.
It klassemint fan lieder Sjoerd den Hertog kaam troch syn fiifde plak net mear yn gefaar. Visser waard twadde yn it klassemint.

Natoeriis

It maratonseizoen is nei de finale fan de Maraton Cup noch net oer, oer twa wike stiet yn it Sweedske Luleå de earste Grand Prix op natoeriis op it program.