Cambuur ferliest fan hikkesluter PEC Zwolle nei doelpuntefeest

SC Cambuur en PEC Zwolle hawwe it publyk yn it Cambuurstadion sneon bot fermakke. Nei 90 minuten einige it spektakelstik yn 3-4.
Aksje fan Cambuurspiler Joosten © Orange Pictures
By Cambuur stie Tom Boere yn de spits om't Roberts Uldrikis blessearre is. Calvin Mac-Intosch mocht wer sintraal efteryn begjinne.
Opstelling SC Cambuur: Stevens; Schmidt, Mac-Intosch, Schouten, Bangura; Jacobs, Hoedemakers, Maulun; Kallon, Boere en Joosten.
Der mochten lang om let wer taskôgers yn it Cambuurstadion en dat publyk krige ek al fluch in doelpunt te sjen. Spitigernôch foar de fans fan Cambuur wie it in doelpunt fan PEC Zwolle.

Trije doelpunten yn njoggen minuten

Daishawn Redan wie der troch oan de linkerkant. Redan joech de bal goed foar op Oussama Darfalou dy't hielendal frijstie. De Algeryn makke it maklik ôf: 0-1.
Noch gjin trije minuten letter lei de twadde goal der ek al yn. PEC spile in trije-tsjin-twasituaasje goed út. Mees de Wit skoarde nei in assist fan Redan: 0-2. It doelpunt foel nei 5 minuten en 15 sekonden. PEC stie noch nea sa fluch mei 2-0 foar yn in earedivyzjeduel.
Cambuur krige al fluch de kâns om werom te kommen yn de wedstriid. Issa Kallon waard ûnderút helle en skiedsrjochter Ingmar Oostrom joech in penalty. Robin Maulun bleaun rêstich en skeat de 1-2 binnen.
Robin Maulun leit oan foar de 1-2 © Orange Pictures
It spul weage dêrnei op en del, mar doelpunten bleaunen efkes út. Darfalou wie der tichteby foar PEC, mar keeper Sonny Stevens koe syn kopbal keare.
Geandewei de earste helte naam Cambuur it inisjatyf mear en mear yn hannen. De Ljouwerters krigen lykwols net in protte kânsen. Doke Schmidt wie der krekt foar it skoft noch it tichtst by, mar doelman Kostas Lamprou fan PEC seach de bal rjocht op him ôfkommen.

Flater helpt Cambuur njonken PEC

Yn de 43ste minút foel de lykmakker dochs. Kallon besocht it mar ris út in drege hoeke wei en net ûnterjochte, sa die bliken. Lamprou liet de bal nammentlik troch syn fuotten de goal yn dosse: 2-2.
Kallon jubelet nei de 2-2 © Orange Pictures
Yn de earste faze nei it skoft wie PEC Zwolle de bettere ploech. Yn de 56ste minút kaam PEC ek op foarsprong. Darfalou joech de bal foar op Redan, wêrnei't Redan de bal knap yn de goal skeat: 2-3.

PEC rint fierder fuort

Tsien minuten letter waard it noch slimmer foar de Ljouwerters. Pelle Clement krige in frije traap by Bram van Polen dy't mei ien fuotbeweging Stevens ferrifele: 2-4. In fiifde tsjingoal waard Cambuur wol besparre, om't de VAR in doelpunt fan Redan ôfkarde yn ferbân mei bûtenspul.
Cambuur hat it smoar deryn nei wer in tsjindoelpunt © Orange Pictures
Troch it ôfkarde doelpunt wie der noch wat mooglik foar Cambuur. Hielendal nei't ynfaller David Sambissa mei in moai krôle skot foar de 3-4 soarge.

Gjin twadde strafskop

Yn de 81ste minút krige Cambuur foar de twadde kear dizze wedstriid in penalty. De bal kaam tsjin de hân fan Clement en skiedsrjochter Oostrom fûn it genôch foar in strafskop. De VAR fûn lykwols dat de hân foldwaande lâns it lichem fan Clement siet en dus gie der in streek troch it bûtenkânske op de lykmakker.
Gjin penalty nei yngripen fan de VAR © Orange Pictures
Cambuur begûn oan in echt slotoffinsyf. PEC kreake: oant twa kear ta waard in bal fan de doelline helle troch in ferdigener fan de ploech út Zwolle, mar it doelpunt foel net mear. Ek it counterjende PEC krige de bal der net mear yn. Einstân: 3-4.
It is alwer de sechsde wedstriid op rige dy't Cambuur net wit te winnen yn de earedivyzje.