Sint Piter en Aldemar binne wer yn Grou oankaam mei in skip fol pakjes

Sint Piter en Aldemar binne wer yn it lân. Sneontemoarn kaam de Grouster broer fan Sinteklaas nei in lange reis út Spanje wer oan yn it doarp.
Sint Piter is binnenhelle yn Grou:
De Goedhillichman kaam ditkear mei in grutter skip: "Der kinne mear pakjes mei", fertelt Sint Piter sels. Fanwegen de coronamaatregels krige er in oar wolkom as oars.
Nei in fartocht troch it doarp en in wolkom fan boargemaster Buma, rieden Sint Piter en Aldemar middeis in toer troch it doarp. "We ha in geweldige boattocht hân", sa seit Sint Piter. "We hiene wol in soad wyn, mar doe't wy yn Grou kamen skynde de sinne."