De natuer wurdt de baas yn it Harnzer Balklandpark-Noard
It Balklandpark-Noard yn Harns wurdt de kommende tiid ta natuer makke, mei flearmuzen, in ynsektehotel en blommefjilden. Gemeente Harns woe it terrein eins ynrjochtsje foar sport en rekreaasje, mar de buert fûn dat plan te iensidich.
De nije stichting Ecologisch Stadspark Harlingen makke gebrûk fan de mooglikheid om mei in alternatyf plan te kommen - it saneamde right to challenge. Irma Abelskamp fan Stichting Permacultuur Fryslân wurke de plannen út.
It park, krekt súdlik fan de Harnzer binnenstêd, wurdt ynrjochte mei hichteferskillen, wêrtroch't it ek mei hurde wyn noflik is om yn it park te ferbliuwen. Troch gebrûk te meitsjen fan materialen dy't de gemeente Harns op oare plakken oer hat, bliuwe de kosten fan de oanlis fan it ekologysk park beheind.
It tariedende wurk foar it ekologyske stedspark is yn folle gong. Wethâlder Erik de Groot brocht freed in besite oan it terrein. Hy is net te beroerd om ta te jaan dat it alternative plan fan de buertbewenners better is as it oarspronklike plan fan de gemeente.
Right to challenge
De Groot: "Met een right to challenge zoals we dat hier hebben gedaan is het plan gewoon beter geworden. Als gemeente moet je daar open oog een oor voor hebben." As de bewenners sizze dat der net folle grien is by de Harnzer binnenstêd hawwe se in punt, sa fynt De Groot.
Der komme noch wol sport- en rekreaasjefoarsjenningen by it Balklandpark, mar dy komme yn it súdlike part fan it gebiet. Yn Balklandpark-Noard is de natuer baas, en de minsk te gast, as it oan de Stichting Ecologisch Stadspark leit.
Neffens de aksjefierders wiene de gemeentlike werynrjochtingsplannen fan it Westerseedykgebiet út 2020 te folle rjochte op sport, spul en rekreaasje en te min op natuer en bioferskaat. It duorret noch wol in pear jier foardat de natuer echt baas is yn it Balklandpark-Noard.
Stap foar stap
It eardere fuotbalterrein is no noch keal mei frijwat drek. De natuer moat noch ynsiedde wurde en groeie, mar de oansetten binne der, lykas hichteferskillen mei bulten en houtwâlen. It is it doel om it terein nei ferrin fan tiid ek te foarsjen fan stiennen muorkes, lykas yn de tún fan Le Roy op It Hearrenfean.
Ek yn in natuerpark sil noch wol ûnderhâld nedich wêze, ek al is it mar om foar te kommen dat in plant as de brânnettel oerhearsket. De Stichting Ecologisch Stadspark wol hjirfoar in berop dwaan op frijwilligers.