Liveblog | 12 febrewaris 2022

Coronanijs 12 febrewaris: Boosterfaksinaasje nei 4 moannen minder effektyf

Yn dit liveblog melde we it lêste nijs oer it coronafirus:

  • Der wienen sneon 3.770 nije coronabesmettingen yn Fryslân, njoggen sikehûsopnames;
  • Mei frachtweinen en trekkers wurdt by it Binnehof protestearre tsjin de coronamaatregels;
  • It kabinet wol de coronaregels ferromje fan kommende wike freed ôf.

Dit liveblog is ook in het Nederlands te volgen.

Lêst bywurke: 12 febrewaris 2022, 21:59
sneon 12 febrewaris 2022
21:58

Oant moarn!

Wy slute it liveblog foar hjoed. Tank foar it folgjen en moarn melde wy ús wer.
15:25

3.770 nije coronapasjinten yn Fryslân, ien stjergefal

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 3.770 nije coronabesmettingen registrearre troch it RIVM. Freed wienen it der 3.950.
It trochsneed tal besmettingen oer de ôfrûne sân dagen yn Fryslân leit no op 5.390. Freed lei it op 4.940 besmettingen, in wike lyn op 1.665.
Fan tiisdei ôf wurde positive testútslaggen streekrjocht oan it RIVM trochjûn. Dat jildt ek foar útslaggen fan oare testoanbieders lykas Testen voor Toegang, de sikehuzen en de húsdokters. Tenei wurdt de datum fan de positive testútslach brûkt en net mear de datum fan de melding oan de GGD.
© ANP
Yn Fryslân is yn de ôfrûne 24 oeren ien stjergefal fêststeld as gefolch fan it coronafirus. Dat is in ynwenner fan Tytsjerksteradiel
Der binne njoggen Friezen mei it coronafirus opnaam yn it sikehûs. Dat giet om ynwenners fan de gemeenten Ljouwert (4), Smellingerlân (2), Achtkarspelen, Waadhoeke en Noardeast-Fryslân.

Lanlik

Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 70.410. It trochsneed tal besmettingen fan de ôfrûne sân dagen is 125.316.
14:54

Tal coronapasjinten op Nederlânske ic's nei 180; leechste sûnt 22 oktober

It tal coronapasjinten op de Nederlânske ic's is sneon mei 13 pasjinten omleech gien nei 176. Dat is it leechste oantal sûnt 22 oktober, sa docht bliken út sifers fan it Landelijk Coördinatiecentrum Patiënten Spreiding (LCPS).

Der lizze op it stuit noch 1471 minsken mei corona yn de Nederlânske sikehûzen: 69 minder as freed. Op de ferpleechôfdielingen gie it oantal mei 56 omleech nei 1295.
It Antonius Sikehûs yn Snits © Omrop Fryslân, Jitze de Vries
Yn de ôfrûne 24 oeren kamen 195 nije coronapasjinten binnen op de ferpleechôfdielingen.
In grut diel fan de pasjinten mei in positive testútslach is fanwegen in oare oarsaak opnaam yn it sikehûs. Nei't se in coronatest dien ha, docht bliken dat se tafallich posityf binne. It LCPS makket gjin ûnderskied tusken pasjinten dy't mei corona yn it sikehûs opnaam binne en minsken dy't it dêr pas krigen ha.
12:31

Boargemaster Den Haag ûntbynt trekker- en frachtweindemonstraasje tsjin coronamaatregels

Der binne ek Friezen by it protest © ANP
De boargemaster fan Den Haag hat de demonstraasje tsjin de coronamaatregels, mei frachtweinen en trekkers, ûntbûn. De plysje easke dat de demonstranten fuortgiene. Wa't dat net dwaan soe, rûn it risiko op oanhâlding of koe in boete krije.
De demonstranten blokkearren de tagong nei it Binnenhof en lieten teksten sjen mei 'Rutte IV moet weg, wij gaan niet weg', 'Genoeg is genoeg' en 'Vrijheid, vrijheid.' Fryske sympatisanten hiene har ek oansletten by it 'frijheidskonfoai.'
De demonstranten kamen yn aksje om't se fine dat it regear alle coronamaatregels loslitte moat.
10:55

Nederlân foar 500ste kear boppe 'kritike grins' fan it tal coronabesmettingen

Nederlân komt sneon foar de 500ste kear boppe de kritike grins út fan it tal coronabesmettingen. Dy grins is oan it begjin fan de pandemy fêstlein op 7 besmettingen op 100.000 ynwenners. Foar hiel Nederlân soe dat delkomme op likernôch 1222 positive tests yn 24 oeren.

Yn de earste coronagolf, yn april 2020, kaam Nederlân trije kear boppe dizze sinjaalwearde út. Fan septimber 2020 oant juny 2021 siet Nederlân dêr 274 dagen lang boppe. Yn dizze perioade waard earst in mylde lockdown ôfkundige, dêrnei kaam it regear mei de hurde lockdown.
© Lennard Geerts, Omrop Fryslân
Op 5 july 2021, nei in koarte perioade fan net folle besmettingen, kaam Nederlân opnij boppe de ôfsprutsen sinjaalwearde út. Dat docht it noch hieltyd, no al 223 dagen op rige.

Tsjinwurdich binne de gefolgen minder slim as it tal besmettingen boppe de kritike grins útkomt. Earder wie der noed oer in grutte golf fan it tal sikehûsopnamen en foar oerbelêsting fan de soarch. De omikronfariant makket minsken lykwols minder siik as de eardere fariant fan it coronafirus.
09:30

Nachtklups iepenje doarren út protest tsjin coronamaatregels

Nachthoareka yn hiel Nederlân dogge mei oan de protestaksje 'De Nacht staat op'. Mei it protest iepenje se har doarren, om't se it net iens binne mei de coronamaatregels. Yn gemeente Amsterdam riskearje nachtklups in boete fan 4500 euro as se meidogge oan de aksje. Oare gemeenten, lykas Utert, Haarlem en Maastricht, sille ek hanthavenje.
© Shutterstock
De aksje waard ferline wike oankundige troch brânsj-organisaasje Nachtbelang en het Overleg Amsterdamse Clubs (OAC). De inisjatyfnimmers sizze dat se genôch ha fan de plannen fan it kabinet om de maatskippij te weriepenjen wylst der gjin omtinken is foar it nachtlibben.

Plysjeprotest

Tagelyk hat de plysje oankundige dat se net hanthavenje sille by de aksje fan de nachthoareka. Plysjenbûnen ACP, ANPV, Equipe en NPB roppe har leden op om mei te dwaan mei dit protest fan de plysje, om sa in bettere cao ôf te twingen. As reaksje ha de boabûnen sein dat it net feilich is om boa's op 'en paad te stjoeren sûnder stipe fan de plysje. Boargemaster Hubert Bruls fan Nijmegen, dy't foarsitter is fan it Veiligheidsberaad, fynt lykwols dat boa's har wurk gewoan dwaan moatte.

De hoareka mei no iepen oant 22.00 oere. De ferwachting is dat it regear tiisdei mei nije ferrommingen komt.