Froulju troch op ploege-efterfolging: "Maar het was gewoon niet goed, punt"

Ireen Wüst, Antoinette de Jong en Irene Schouten ha har mei de tredde tiid pleatst foar de heale finalen fan de ploege-efterfolging. Mar it hie folle better kind, fine de froulju.
Irene Schouten, Ireen Wust en Antoinette de Jong © ANP
It trijetal notearre mei 2.57,26 de tredde tiid yn Peking en dat wie goed 3,65 sekonden stadiger as Japan. Ek Kanada wie noch goed trije sekonden rapper mei de tiid 2.53,97.
De fjouwer rapste ploegen pleatsten har foar de heale finalen, dy't tiisdeitemoarn om 07.30 oere ferriden wurde. Nederlân moat dan tsjin Kanada, Ruslân treft Japan. De finale en de wedstriid om it brûns stean tiisdei ek op it programma.

Nederlân is warskôge

Mei it tredde plak slagje Wüst, De Jong en Schouten der net yn om te ymponearjen. Nederlân is warskôge, sa is de konklúzje. Eins wolle je yn de kwartfinalen de rapste wêze.
"We moeten het nog analyseren, maar het was niet best", seit Ireen Wüst nei ôfrin. "Het was gewoon niet goed, punt. We moeten het beter doen. Er is nog niets verloren, maar we moeten alle zeilen bijzetten."
Mei de wiksel kaam ik der gewoan net efter. Technysk gie it net lekker.
Antoinette de Jong
Antoinette de Jong lûkt sels it boetekleed oan. "Mei de wiksel kaam ik der gewoan net efter. Wy moatte sjen wat der mis gie, mar ik siet der gewoan net efter. Technysk gie it net lekker. Ik tink dat wy op skerp steane, mar it koe op alle flakken better."

Evaluearje

Wüst is der fan skrokken, om't sy der nei eigen sizzen fan oertsjûge is dat sy better kinne. "Als alle schakels wel kloppen, kunnen we het." De Jong fynt dat der in goede analyze makke wurde moat: "Wy moatte der goed foar sitte. Op nei de evaluaasje."
Sjoch foar mear nijs oer de Olympyske Spelen op ús temaside. Dêr sjochst ek wannear't de Friezen yn aksje komme.
Yn de oanrin nei de Olympyske Spelen wie der opskuor yn de frouljusploech, om't der yn in fideo fan ûnder oare Schouten en trainer Jillert Anema krityk wie op de rol fan Wüst yn de ploege-efterfolging en op de coach Jan Coopmans.