Hoedemakers sjocht alles wer skerp en begjint yn de basis by Cambuur

Mees Hoedemakers is der sneon wer by as SC Cambuur it yn eigen stadion opnimt tsjin PEC Zwolle. Hoedemakers foel yn de wedstriid tsjin FC Utrecht noch út nei in tik fan de skiedsrjochter.
Hoedemakers kin wer yn aksje komme:
It wie in kurieus momint yn de wedstriid FC Utrecht-Cambuur ferline wike: skiedsrjochter Van de Graaf makke in beweging mei syn earm en sloech Mees Hoedemakers op it each. De Cambuur middenfjilder koe net fierder en moast wiksele wurde.

Hoedemakers sjocht wer skerp

Hoedemakers oer it momint: "Het was een ongelukkig moment van de scheidsrechter. Apart dat dit zo gebeurde. Ik moest eruit. Het werd wazig en ik werd licht in mijn hoofd. Daar baalde ik wel van."
In wike letter sjocht Hoedemakers alles wer skerp en dus kin hy sneon spylje tsjin PEC Zwolle.
Yn de ôfrûne wike is der traind op de saneamde 50-50-ballen. Ballen wêrfoar't je in duel oangean moatte. Dêr skeat Cambuur ferline wike yn tekoart, fynt ek Mees Hoedemakers. "Het is zaak dat we die duels honderd procent ingaan. Dan kun je ze winnen. Het zijn belangrijke duels op het middenveld en in de achterhoede. Als je die wint, dan kun je meer resultaat boeken."

Bettere dynamyk by PEC

PEC Zwolle hat de gong der nei in dramatyske earste kompetysjehelte wer wat yn. In nije trainer en in pear nije spilers soargje foar in bettere dynamyk yn it alvetal.
Hoedemakers hat nocht oan de wedstriid. "Ik ben benieuwd. Wij gaan van eigen kracht uit. Ik heb er alle vertrouwen in. Thuis spelen met weer wat publiek erbij, ik heb er superveel zin in. Op naar de eerste overwinning van 2022."