Earste eksimplaar fan Amanda Gorman har fers presintearre yn it Provinsjehûs

Op it provinsjehûs yn Ljouwert is freed de Fryske oersetting fan it ferneamde ynhuldigingsfers 'The Hill we Climb' fan Amanda Gorman presintearre.
Nasjonaal koördinator tsjin rasisme en diskriminaasje Rabin Baldewsingh krige it earste eksimplaar © Omrop Fryslân
Minskerjochte-aktivist Gorman droech it fers op 20 jannewaris ferline jier foar, doe't Joe Biden ynstallearre waard as presidint fan de Feriene Steaten.
De Fryske oersetting 'De hichte beklimme wy' is makke troch Friduwih Riemersma en sensitivity reader Michelle Samba. It earste eksimplaar waard troch kultuerdeputearre Sietske Poepjes útrikt oan de nasjonaal koördinator tsjin rasisme en diskriminaasje, Rabin Baldewsingh.

'Te wyt'

De Fryske oersetting en de twatalige útjefte fan útjouwerij De Ryp kaam der net samar. Friduwih Riemersma wie al in ein op streek mei de Fryske oersetting doe't der argewaasje ûntstie oer de bekende skriuwer Marieke Lucas Rijneveld as de Nederlânske oersetter. Der kaam krityk oer de kar omdat Rijneveld 'te wyt wêze soe', wêrnei't Rijneveld de opdracht weromjoech.
Troch de opskuor waard de Fryske oersetting sels tydlik on hold set. It team fan Gorman by de Amerikaanske útjouwer soe de foarkar jaan oan net-wite oersetters, omdat dy it boadskip en de lading fan it spoken word-fers better begripe en oanfiele soene.

Kritysk meitinkende oersetter

It probleem waard oplost troch muzikante Michelle Samba oan Riemersma ta te heakjen as 'sensitivity reader', in kritysk meitinkende twadde oersetter mei each foar it perspektyf fan minderheden.
Riemersma is no tige te sprekken oer dy oplossing. "Ik haw it geweldich troffen mei Michelle. Sy wie in waarme, entûsjaste en bot stypjende meilêzer. Ik haw in soad oan har advizen hân. De oersetting is der better fan wurden."
Samba wie freed sels net by de presintaasje fanwegen oare ferplichtings.
Beharkje ús reportaazje oer 'De Hichte Beklimme Wy'
De 14-jierrige Djurra van Dyk fan Nijhuzum droech it folsleine fers yn Fryske oersetting foar yn de steateseal en krige dêrfoar de hannen opinoar.
Fierder kamen ek Riemersma, deputearre Sietske Poepjes en útjouwer Hille Faber op de tekst oer it belang fan it lange fers en ek oer de tûkelteammen dy't it projekt belibbe yn de striid om de Fryske rjochten foar it fers te bemachtigjen en ek ta ôfspraken te kommen oer in twatalich Frysk-Ingelske útjefte.

Boadskip fan ynklusiviteit en ferbining

"Soks hie ik ek noch noait meimakke", seit útjouwer Hille Faber oer de diskusje oer de kleur fan de oersetter. "Mar dizze hichte hawwe we nommen, it boek leit der no en dêr giet it om. Hy hat it boek persoanlik by alle bettere Fryske boekhannels besoarge. Trijehûndert eksimplaren binne nei skoallen foar fuortset ûnderwiis gien. Poepjes hopet dat it boek dêr ek brûkt wurde sil. Net allinnich fanwegen it Frysk, mar ek fanwege it boadskip oer ynklusiviteit en ferbining.
Baldewsingh ferraste it selskip troch de Fryske oersetting fan in fers fan eigen hân foar te dragen en oanslutend in dichtbondel oan te bieden oan Poepjes.
De Hagenaar is dwaande mei it ûntwikkeljen fan plannen dy't polarisearre groepen yn ús maatskippij wer 'lytse stapkes' tichter byinoar bringe moatte. It fers 'The Hill We Climb' past dêr prachtich by, sa ornearre Baldewsing.