Amin Sarr en Sydney van Hooijdonk krije basisplak by Hearrenfean tsjin NEC

Amin Sarr en Sydney van Hooijdonk steane tsjin NEC yn de basis by sc Hearrenfean, dat ferklapte trainer Ole Tobiasen freedtemiddei by de parsekonferinsje. "We weten allemaal dat we niet makkelijk scoren en hopelijk kunnen Sydney en Amin ons daarmee helpen."
Ole Tobiasen oer de wedstriid tsjin NEC:
Tsjin Fortuna Sittard miste Tobiasen noch fjouwer basisspilers troch corona. De measten binne dêrfan opbettere en dus sil Tobiasen syn ploech behoarlik wizigje. "Centraal achterin komen de jongens terug", doelt Tobiasen op Sven van Beek en Nick Bakker.
"Als Sven geen reactie van de training krijgt, dan is de kans groot dat hij begint." Efter de namme fan Tibor Halilovic stiet noch wol in fraachteken. Rami Kaib is der sawiesa net by, hy wurdt oan de linkerkant ferfongen troch Lucas Woudenberg.
Als we heel lelijk met 1-0 winnen, ben ik hartstikke tevreden
Ole Tobiasen
Sawol Hearrenfean as NEC hawwe in stroefe start fan de twadde kompetysjehelte. Hearrenfean wist noch net ien punt te pakken, wylst NEC it mei twa likense spullen net folle better docht. Nei fiif kear ferlies op rige hopet Hearrenfean de negative spiraal om te draaien.
Tobiasen: "We willen elke thuiswedstijd winnen en met dominant voetbal. Zo willen we het publiek vermaken, maar we moeten wel eerlijk bekennen dat we niet echt lekker in de "flow" zitten. Dus als we zondag heel lelijk met 1-0 winnen, dan ben ik hartstikke tevreden."
De wedstriid tusken sc Hearrenfean en NEC is sneintemiddei om 14.30 oere en is live te folgjen by Omrop Fryslân op 'e radio yn it programma Snein yn Fryslân.
It Abe Lenstra stadion sil foar in tredde part folle wêze mei publyk, dat betsjut dat der sa'n 8.800 taskôgers yn it stadion sitte.

Tolfde man

"Dat scheelt een hoop qua sfeer", seit Tobiasen. "Dat moet echt onze twaalfde man zijn en ze moeten ons helpen om de eerste drie punten te pakken na de winterstop. We hebben de laatste vijf wedstrijden verloren en zitten in de hoek waar de klappen vallen. We moeten met z'n allen hard werken om hier weer uit te komen."