Omtinken foar it klimaat op Waarme Truiedei

De temperaturen binne der net echt nei, mar freed giet by in soad minsken dochs de waarme trui oan. Want it is Waarme truiedei. Dizze dei is 16 jier lyn yn it libben roppen om foar ien dei de kachel wat leger te setten om it klimaat te sparjen. Ek skoallen wurkje mei oan de dei.
Waarme Truiedei op basisskoalle de Greidfûgel:
Op basisskoalle De Greidfûgel yn Baard diene de bern de kachel ek leger, al is it al kâlder omdat de ruten ek al iepen binne fanwege corona en fentilaasje. De skoalle is al sûnt de krystdagen dwaande mei in projekt oer klimaat.
Learlingen binne no dwaande guod te meitsjen fan ôffal. Recyclje is it doel, want dat moat folle mear, fine se. Se meitsje harren soargen oer de takomst en it klimaat. Benammen de seespegel hâldt de bern dwaande.
Learlingen fan de basisskoalle yn Baard © Omrop Frsylân, Simone Scheffer
Op de Greidfûgel binne de bern wol waarm klaaid, mar de âlderwetske trui is faak ferruile foar de moderne hoodie. En tsjintwurdich binne de bern ek wol wat wend. It is gewoan dat de ruten iepen steane, fanwege de fentilaasje dy't nedich is. Boppedat binne se te drok oan it wurk om it kâld te krijen. Alles foar it goede doel.
"De seespegel moat net omheech, want dan is der foar ús in probleem. Dat moat net gebeure. Dêrom dogge we dit."
Gjin waarme trui, wol in mûtse © Omrop Fryslân, Simone Scheffer
De Waarme Truiedei is in inisjatyf fan it Klimaatverbond ûnder it motto 'verwarm jezelf, niet de wereld.' Neffens it Klimaatverbond is it sa dat as eltsenien de ferwaarming in jier lang in graad minder heech set, dat 1 megaton oan CO2-útstjit skeelt.