Cambuur mei Boere yn de spits tsjin PEC Zwolle

Cambuur spilet sneontejûn de thúswedstriid tsjin PEC Zwolle sûnder de blessearre spits Roberts Uldrikis. De Letske oanfaller is yn de wedstriid tsjin FC Utrecht blessearre rekke oan syn kût.
Pascal Bosschaart sjocht foarút op Cambuur - PEC Zwolle:
Trainer Pascal Bosschaart wit noch net hoe slim de blessuere krekt is. "Hij loopt op krukken ter ondersteuning. Duidelijk is dat de wedstrijd tegen Zwolle te vroeg komt voor hem." Tom Boere sil Uldrikis ferfange.
De seleksje fan Cambuur is fierder fit. Ek Mees Hoedemakers, dy't tsjin Utrecht útfoel nei't de skiedsrjochter him yn it each rekke, kin wer spylje.

Kritysk sjen nei de tsjingoals

De seleksje en technyske stêf fan Cambuur hawwe de ôfrûne wike mei mear as gewoane belangstelling de bylden fan de wedstriid tsjin FC Utrecht weromsjoen. Der gie nochal wat mis by de tsjingoals en dêr is kritysk nei sjoen.
Bosschaart: "Bij de goals zag het er natuurlijk niet goed uit. We hebben niet altijd mannelijk gespeeld. Bij de fifty-fiftyballen was de bal altijd voor de tegenstander. Dat moet beter. Cambuur hat fannewike op dy situaasjes traind en neffens de Bosschaart gie dat goed: "Er werd fanatiek getraind. Het is mooi om te zien hoe de groep dat oppakt."

Zwolle wurdt better

Yn PEC Zwolle treft Cambuur in tsjinstanner dy't wer wat kleur op de wangen krijt. Nettsjinsteande it lêste plak fine de Zwollenaren wer wat oansluting mei de rest fan de ûnderkant. Boppedat is de dynamyk yn de groep folle better as earder it gefal wie. De ploech hat mei Dick Schreuder in nije trainer en der binne ek in oantal nije spilers.
Bosschaart: "Zwolle bereikt de laatste weken een hoger niveau. Ze hebben een bijzondere spelopvatting en kunnen meerdere systemen spelen. Ze zetten via de backs heel hoog druk. Maar daar liggen voor ons ook kansen. Ik zie deze wedstrijd als een mooie uitdaging".