Liveblog | 11 febrewaris 2022

Coronanijs 11 febrewaris: Hoareka wol werom nei "oude normaal"

Yn dit liveblog melde we it lêste nijs oer it coronafirus:

  • Der wienen freed 3.950 nije coronabesmettingen yn Fryslân, acht sikehûsopnames;
  • De wyksifers binne flink fertekene as it giet om de positive tests;
  • It tal sikehûsopnamen stabilisearret yn Fryslân;
  • It kabinet wol de coronaregels ferromje fan kommende wike freed ôf;
  • De hoareka kin dan nei alle gedachten oant 1.00 oere iepen.

Dit liveblog is ook in het Nederlands te volgen.

Lêst bywurke: 11 febrewaris 2022, 22:30
freed 11 febrewaris 2022
22:28

Wy krûpe ûnder de wol

Wy slute it liveblog foar hjoed. Tank foar it folgjen en moarn melde wy ús wer.
19:38

Nachtklups fernuvere oer slutingstiid

Brânsjorganisaasje fan de nachtklups Nachtbelang is fernuvere oer de mooglik nije slutingstiden foar de hoareka fan 01.00 oere en dat testen foar tagong, ek bekend as 1G, wurdt ûndersocht foar it iepenjen fan it nachtlibben. Dat skriuwt Nachtbelang yn in iepenbiere brief oan minister fan Folkssûnens Ernst Kuipers.
De nachtklups neame 1G gjin wurkbere eask. Minsken soene net ree wêze har foar it nachtlibben teste te litten en boppedat is dêr de testkapasiteit hielendal net foar, seit Nachtbelang. By 1G moat elkenien, ek faksinearre minsken of minsken dy't koartlyn corona hân hawwe, yn it foar in test dwaan.
17:34

Rutte oer hoareka-aksje ‘De Nacht staat op’: elkenien moat him oan de regels hâlde

Minister-president Mark Rutte seit dat er de "radeloosheid" begrypt by ûndernimmers fan nachtklups en diskoteken, dy't troch de coronaregels noch net iepen kinne. Dochs ferwachtet Rutte dat elkenien him oan de regels hâlde sil. Dat sei hy nei oanlieding fan de oankundiging fan 'De Nacht staat op', it protest fan de hoareka dat kommend wykein plakhawwe sil.

Yn de wyklikse parsekonferinsje sei Rutte dat it oan de boargemasters is om te hanthavenjen. Nettsjinsteande de ferrommingen dy't it regear tiisdei bekend meitsje sil, fynt Rutte dat it reedlik is dat de nachthoareka tichtbliuwe moat."Ik snap dat het moeilijk is en er spanningen zijn. Maar vrijheidsbeperkende maatregelen zijn er niet voor niks. We hebben te maken met een zeer ernstige crisis in onze volksgezondheid. Gelukkig zien we dat de cijfers zich gunstig ontwikkelen."

Rutte erkent dat de nachthoareka it langst ticht west hat en dat de nachthoareka ien fan de meast dupearre sektoaren west hat. Dochs mei dat neffens him gjin ekskús wêze om earder iepen te gean. De hoareka mei op it stuit oant 22.00 oere iepen wêze. It kabinet lit nei alle gedachten tiisdei witte dat de slutingstiid ferromme wurdt nei 01.00 oere. Dat fynt de sektor lykwols net let genôch.
17:31

Foar it earst sûnt july 2021 gjin coronapasjinten op IC yn MCL

© Omrop Fryslân, Willem de Vries
Foar it earst sûnt lange tiid lizze der gjin coronapasjinten mear op de Intensive Care-ôfdieling fan sikehûs MCL yn Ljouwert. Dêr wurde sûnt 3 dagen gjin minsken mear behannele foar harren besmetting mei covid. De lêste kear dat de IC-ôfdieling yn it MCL leech wie fan coronapasjinten wie yn de simmer, ferline jier
Der wurde noch hieltyd pasjinten mei it coronafirus behannele op oare ferpleechôfdielings yn it MCL. It sikehûs hat wol bot lêst fan syktefersom. Der wurkje sa'n 3.800 oant 4.000 minsken yn it MCL. As der minsken útfalle troch karantêne of fanwege in coronabesmetting, hat dat fuortendaliks ynfloed op de besetting.
17:09

OMT hat gjin beswier tsjin ferrommingen coronamaatregels

Neffens boarnen yn it AD hat it OMT gjin beswier tsjin de ferrommingen fan de coronamaatregels dy't it kabinet graach trochfiere wol. De saakkundigen ha hjir freed oer oerlis oer hân.
Diskoteek yn Snits © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
De eksakte ynhâld fan it OMT-advys is net bekend. It kabinet nimt kommende tiisdei in beslút oer de ferrommingen. Dan is der opnij in parsekonferinsje, dizze kear mei allinne minister Ernst Kuipers fan Folkssûnens.

Gjin 1,5 meter mear

Yn stadions en teäters hoege minsken fan takom wike ôf gjin 1,5 meter ôfstân mear fan inoar te hâlden. Der meie dan mear minsken nei binnen. It kabinet wol de slutingstiid foar de hoareka ferromje nei 1.00 oere. Op lokaasjes dêr't romte is foar net mear as 500 minsken is aansten gjin fêst sitplak mear nedich. It coronatagongsbewiis bliuwt wol fan krêft yn de sport- en kultuersektor en yn de hoareka. Mooglik skrast it regear it advys om safolle as mooglik thús te wurkjen.

As saakkundigen sizze dat it ferantwurde is, soene fan ein febrewaris ôf hast alle coronamaatregels skrast wurde kinne. Dan soene ek it mûlkapke en de 1,5-meter net mear nedich wêze.
16:39

Ministearje Folkssûnens hat advizen OMT oanpast

It ministearje fan Folkssûnens hat oan it begjin fan de coronapandemy ferskate kearen teksten wizige út de konseptadvizen fan it OMT, foar't dy beskikber waarden foar it publyk. Dat meldt Nieuwsuur nei ûndersyk fan ferskate e-mails.

It RIVM, dat ûnder it ministearje falt en it OMT foarsit, hat de tekstsuggestjes fan it ministearje oernaam. OMT-leden dy't dêr by belutsen wiene, binne hjir net oer rieplachte.

'ynbrek op ûnôfhinklikens'

Neffens saakkundigen is der ynbrek makke op de ûnôfhinklikens fan it OMT.

In wurdfierder fan it RIVM seit lykwols dat it ministearje de tekstsuggestjes dwaan mei. De wizigingen hjirfan wurde net trochstjoerd oan de yndividuele leden fan it OMT.