Swiere wynstjitten yn it Waadgebiet: koade giel

Yn it Waadgebiet is freedtemoarn kâns op swiere wynstjitten. It KNMI warskôget mei koade giel.
© Omrop Fryslân
De wynstjitten kinne in snelheid ha fan sa'n 90 kilometer yn 'e oere. It ferkear en bûtenaktiviteiten kinne dêr lest fan ha.
Waarman Piet Paulusma seit ek dat der kâns is op in matige oant krêftige wyn út westlike rjochtingen. Yn de kustgebieten en yn it Waadgebiet sels in krêftige oant hurde wyn út west oant noardwest.
Freedtemiddei wurdt it mooglik wintersk mei hagel en wiete snie, neffens Paulusma. De wyn wurdt dan wol minder krêftich.