Ald-iismaster Thialf sjocht kearn fan wierheid yn beskuldigings Van der Poel

Hy lei in bomke ûnder it olympyske iis yn Peking: reedrider Nils van der Poel beskuldiget de Nederlanners fan korrupsje. Mar der sit wol in kearn fan wierheid yn, fynt de Fryske iismaster Beert Boomsa. Hy preparearre hast tweintich jier it topsportiis fan Thialf.
"Nederlanners traine altyd op hurd iis":
"Nederlanners wolle altyd hurd iis hawwe. Dêr kinne se better mei út de fuotten", leit Boomsma út. "Op Thialf ride se ek altyd op hurd iis. Goede omstannichheden, bytsje wyn yn de rêch derby. It is sawat in trainingslaboratoarium. Se kinne minder goed út de fuotten op sêft iis."
Boomsma wit wêr't er oer praat. Hy hat geregeld kontakt mei oare iismasters oer de hiele wrâld en dus ek mei de iismaster yn Peking. "Dat is Mark Messer. Dy hat relatyf altyd wat sêfter iis. De Nederlanners kleie der altyd oer, dat hy altyd te sêft iis makket."

Psychologyske oarloch

Dochs makket de opmerking fan Van der Poel diel út fan in grutter plan fan de Sweed, seit sportferslachjouwer Andor Faber. "Hy is in paradysfûgel. In aparte skutter. Hjir sit in gedachte efter. Hielendal ast út Peking wei hearst dat hy ien ynflústere hat om him dêr in fraach oer te stellen. Dan is it dúdlik dat hy wat út dit reltsje besiket te heljen foar de 10 kilometer."
Ald-iismaster Beert Boomsma © Timo Jepkema, Omrop Fryslân
Neffens âld-iismaster Boomsma sit der in kearn fan wierheid yn de beskuldigings fan Van der Poel. "Se moatte gewoan tajaan dat se frege hawwe om hurd iis. En Messer is in charge, dus dy mei it bepale."
De Spelen binne freed fan 9.00 oere ôf live te folgjen by Omrop Fryslân op de radio. Sportferslachjouwer Andor Faber fersoarget mei analist Arjan Stroetinga it kommentaar by de 10.000 meter op de langebaan, dêrnei sjocht Roelof de Vries mei Jasper Brunsmann nei it shorttrack.
It hurde iis is yn foardiel fan TeamNL. "Nederlanners binne relatyf wat grutter en swierder. Ast swier bist, sakkest wat mear fuort yn it iis. It is mar minimaal, mar de glydwjerstân nimt ta. Dan moatst dyn technyk oanpasse."
Dat wit ek reedrider Tjerk de Boer. Hy wit hoe't it is om in 10 kilometer te riden. "Je kunt het zelfs horen aan het ijs. Als het kraakt en het maakt veel geluid, is het hard genoeg voor ons. Zeker voor die langere afstanden is dat hardere ijs wel lekker, zodat je snelheid kunt houden", fertelt de jonge reedrider.
In iismasine op it iis fan de Elfstedenhal yn Ljouwert © Timo Jepkema, Omrop Fryslân
Om it no 'it grutste skandaal' yn de sport te neamen dat TeamNL frege om hurd iis, dat giet Tjerk de Boer ek wol fier. "Ik denk Nils het wat groter maakt dan het is. Wat vooral belangrijk is, is dat de omstandigheden aan het begin en aan het einde van een race zo gelijk mogelijk zijn."
Dochs is it wolris earder foarkaam dat frege waard om it iis wat oan te passen, seit de âld-iismaster. "Se hawwe wolris by my west. Gjin bûtenlanners, allinnich Nederlanners. Dan sizze se: 'Dit moat oars, dat moat even sa.' Mar wy hawwe op It Hearrenfean wol sjen litten dat we hiel rap iis meitsje litte koenen. It makke ús ek net út wa't hurd ried, as der mar baanrekôrs kamen."
Sjoch foar mear nijs oer de Olympyske Spelen op ús temaside. Dêr sjochst ek wannear't de Friezen yn aksje komme.