Freed yn Peking: folop Fryske medaljekânsen

It is freed in dei fol medaljekânsen foar de Fryske olympiërs. Dat begjint mei Jorrit Bergsma op de 10.000 meter en giet dêrnei fierder mei shorttrackster Suzanne Schulting dy't har olympyske titel op de 1.000 meter ferdigenet.
Jorrit Bergsma rydt de 10.000 meter © ANP
De dei begjint wat de Friezen oanbelanget om 9.00 oere mei de 10.000 meter. Jorrit Bergsma wûn al twa kear olympysk earemetaal op de langste ôfstân en heart freed opnij by de kânshawwers. Syn grutste konkurrint: Nils van der Poel, dy't fan 'e wike al goud pakte op de 5.000 meter.
Bergsma wie yn 2014 yn Sotsji de bêste en fjouwer jier lyn yn Pyeongchang hoegde er allinnich Ted-Jan Bloemen foargean te litten. Dit seizoen woe er fan de 5.000 meter syn spearpunt meitsje. Dêrop waard er snein teloarstellend fiifde, goed fjouwer sekonden efter Van der Poel.

Bergsma tsjin Roemjantsev

Freed start Bergsma yn rit fjouwer, tsjin de Rus Aleksandr Roemjantsev. De oare Nederlanner op dizze ôfstân is Patrick Roest, hy rydt al yn de twadde rit. Topfavoryt Nils van der Poel rydt yn rit fiif tsjin Davide Ghiotto, titelferdigener Ted-Jan Bloemen yn de slotrit tsjin Bart Swings.
De Spelen binne freed fan 9.00 oere ôf live te folgjen by Omrop Fryslân op de radio. Sportferslachjouwer Andor Faber fersoarget mei analist Arjan Stroetinga it kommentaar by it langebaanriden, Roelof de Vries sjocht mei Jasper Brunsmann nei it shorttrack.
Fan 12.00 oere ôf komme de shorttrackers wer yn aksje. Suzanne Schulting striidt op de 1.000 meter om it goud. It is de ôfstân dêr't se fjouwer jier lyn har definitive trochbraak op belibbe mei de olympyske titel. Earder dizze wike wûn Schulting al sulver op de 500 meter.
Suzanne Schulting © ANP
De manlju ride de heats fan de 500 meter. Dêrop komt de Fryske ynbring fan Itzhak de Laat. Hy sil him revansearje wolle foar syn ferfelende 1.500 meter fan woansdei. Doe kaam er net fierder as de kwartfinale, nei't er ûnderút riden waard troch in konkurrint.
De grutste medaljekânsen foar de manlju binne op de relay. De heale finale stiet freed op it programma. De Nederlânske ploech bestiet ûnder oare út de Friezen Knegt, De Laat en Sven Roes. Wa't der oan de start steane, wurdt pas flak foar de start bekendmakke troch bûnscoach Jeroen Otter.
Sjoch foar mear nijs oer de Olympyske Spelen op ús temaside. Dêr sjochst ek wannear't de Friezen yn aksje komme.