Drachtster iisbaan twa kear yn fjouwer dagen tiid dupe fan ynbraak

By de iisbaan yn Drachten is twa kear ynbrutsen yn fjouwer dagen tiid. De earste kear, op 4 febrewaris, binne ferskate spullen fernield en is de brândwêster stellen. Fjouwer dagen letter wie der opnij in ynbraak.
De twadde kear, yn de nacht fan 7 op 8 febrewaris, wie de skea opnij grut. De plysje is op de hichte brocht fan de ynbraak. It bestjoer fan IJsbaan Drachten ropt minsken op om kontakt mei se op te nimmen as se mear witte oer de ynbraak.

Twa kear earder

Gert Jan Doornbos, de foarsitter fan IJsbaan Drachten, seit dat der yn de simmer twa kear earder ynbrutsen is by de iisklup. "Het gaat waarschijnlijk steeds om dezelfde kwajongens. Ze komen steeds op dezelfde manier binnen, door eerst een steen door de ramen te gooien."
Benammen de fernielings oan it ynterieur kostje in soad, seit Doornbos. It stellen fan de brândwêster kostet de feriening boppedat al sa'n 150 euro. Doornbos: "Het zijn kosten waar we niet op zitten te wachten. De vereniging draait op vrijwilligers, het geld halen we op van de leden. Bij matige winters hebben we maar weinig inkomsten."

Alarmynstallaasjes

De feriening sil no sjen oft der mear befeiliging komme kin, lykas alarmynstallaasjes of kamerabefeiliging. Boppedat hat de plysje tasein dat se mear surveillearje sille by de iisbaan. "Meer kunnen ze niet doen", seit Doornbos.