Jeugdsoarch yn aksje: "De soarch wurdt minder, it kin sa net mear"

As it kabinet foar moandei net yn 'e mjitte komt oan easken fan it fakbûn FNV, lizze jongereinmeiwurkers yn hiel Nederlân in dei lang it wurk del. De plande besuniging moat fan tafel.
In eardere aksje foar de cao yn de jeugdsoarch © ANP
It kabinet wol in heal miljard op de jeugdsoarch besunigje. De sektor wiist derop dat de wurkdruk al hiel heech is en dat bern lang net altyd de goede soarch krije kinne. De aksjefierders wolle dat de foarstelde besuniging fan tafel giet. Neffens de FNV giet it om in 'besuniging sûnder plan' dy't net ferantwurde is.
In soad meiwurkers binne yn de ôfrûne oardel jier opstapt, fanwege de hege wurkdruk, minne balâns tusken wurk en privee en te min lean.

Prachtich wurk

Undersyk hat dat oantoand. Froukje Offinga fan Jeugdhulp Friesland, dy't ek kaderlid is by de FNV, fernimt de problemen ek yn de praktyk. "Guon meiwurkers heakje ôf, dy kinne it net mear oan. En dat is spitich, want we ha in prachtich fak. It is hiel moai om bern en de famyljes te helpen, mar de soarch wurdt sa hieltyd minder. Dat kin net mear."
Troch de krapte binne de wachtlisten yn de jongereinsoarch bot oprûn. Bern wachtsje yn trochsneed goed tsien moannen op help. De besuniging soe dat noch slimmer meitsje. "Dan hâldt it op", seit Offinga. "Dan kinne we net bestean. Se ferwachtsje ek dat we sûnder cao gewoan trochwurkje."
De arbeidsbetingsten moatte better, fine de aksjefierders. De wurkdruk moat omleech, it lean omheech.
Der binne miljarden nei gemeenten gien. Dat wie foar de jeugdsoarch bedoeld, mar it giet nei oare potsjes.
Froukje Offinga (Jeugdhulp Fryslân)
Offinga: "Der giet no gewoan te min jild nei de jeugdsoarch, wylst it jild der wól is. Dat is sa skrinend. Der binne miljarden nei gemeenten gien. Dat wie foar de jeugdsoarch bedoeld, mar it giet nei oare potsjes."
It protest is pland op 15 maart. Sa'n protest hat der ien kear earder west. Dat wie yn 2019 doe't it wurk dellein waard om jild te freegjen om grutte tekoarten op te lossen.

'Moat wat gebeure'

"We fiere al fiif jier kampanje, mar dêryn ha we mar ien kear staakt. Eins stake je yn de jeugdsoarch net, omdat de soarch altyd trochgean moat. Mar der moat wat gebeure. It kin sa net mear."
De eventuele staking betsjut net dat de soarch dy dei hielendal stil komt te lizzen. "It krisiswurk moat altyd trochgean. Wa't stake kin, mei dat gewoan dwaan, mar wêr't de soarch trochgean moat gebeurt dat ek."