Liveblog
|
10 febrewaris 2022
Coronanijs 10 febrewaris: Kabinet wol hoareka iepen oant 1.00 oere
Yn dit liveblog melde we it lêste nijs oer it coronafirus:
- 3.915 nije coronabesmettingen yn Fryslân, acht sikehûsopnames;
- Keamer stimt lykas ferwachte tsjin 2G-systeem;
- 'Boa's moatte gewoan harren wurk dwaan, ek by fermindere plysje-ynset';
- Handikapten minder faak dûst troch corona-útfal;
- Sportwedstriden útsteld fanwege besmettingswegen.
Dit liveblog is ook in het Nederlands te volgen.
Lêst bywurke: 10 febrewaris 2022, 22:31
tongersdei 10 febrewaris 2022
22:29
Hjir litte wy it by
Wy slute it liveblog foar hjoed. Tank foar it folgjen en moarn melde wy ús wer.
20:05
Kabinet wol hoareka iepen oant 1.00 oere
It kabinet wol dat de hoareka fan takom wike freed oant 01.00 oere nachts iepen bliuwe kin. Ek wol it kabinet fan dy dei ôf folle mear tastean op plakken dêr 't in coronatagongsbewiis nedich is, lykas teäters en stadions. Dat meldt de NOS.
Op lokaasjes oant 500 besikers hoecht dan gjin oardel meter ôfstân mear hâlden te wurden en it fêste sitplak ferfalt ek. Op grutte plakken foar mear as 500 minsken bliuwt it fêste sitplak noch wol bestean. Mar ek dêr hoege de gasten gjin oardel meter ôfstân mear fan elkoar te hâlden.
16:57
'Boa's moatte gewoan harren wurk dwaan'
Gemeentlike hanthaveners moatte sneontejûn gewoan harren wurk dwaan. As nachthoarekasaken de doarren demonstratyf nei 22.00 oere jûns iependogge, is it harren taak om te hanthavenjen. Dat seit foarsitter Bruls fan it Veiligheidsberaad fan 25 boargemasters dy't oan it haad stean fan in Veiligheidsregio. Boargemaster Buma fan Ljouwert is ien fan dy 25 boargemasters. Hy is foarsitter fan de Veiligheidsregio Fryslân.
Wurkwegering
As de boa's harren wurk net dogge omdat der fawege in cao-aksje gjin stipe fan de plysje is, soe dat op wurkwegering lykje. De plysje hat in arbeidskonflikt mei it ministearje fan Ynlânske Saken. Plysjebûnen hawwe boa's oproppen om solidêr te wêzen.
Mar boa's binne gemeentlike meiwurkers, en dy hawwe hielendal gjin konflikt. Dan soe ien syn gewoane wurk net dwaan, omdat in hiel oare beropsgroep in konflikt hat. It moat net mâler wurde, sa is Bruls fan betinken.
16:29
GGD hat militêren net mear nedich
De GGD hat meikoarten gjin help mear nedich fan militêren. Ofrûne moannen holpen militêren de sûnenstsjinst by it faksinearjen en testen op corona. Op dit stuit helpe noch inkelde tsientallen op de testlokaasjes. Fierders kinne 750 militêren oproppen wurde, as dat nedich is. Earder holpen militêren ek by it faksinearjen, mar dat hoecht net mear.
It is noch hieltyd tige drok by de GGD-teststrjitten. In soad minsken wolle witte oft se in coronabesmetting oprûn hawwe.
15:58
3.915 nije coronabesmettingen yn Fryslân, acht sikehûsopnames
Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 3.915 nije coronabesmettingen registrearre troch it RIVM. Woansdei wienen it 3.839. Der binne gjin gjin stjergefallen by Friezen fêststeld as gefolch fan it coronafirus. Acht Friezen binne mei it coronafirus opnaam yn it sikehûs. Dat giet om trije ynwenners fan de gemeenten Ljouwert en Achtkarspelen en ien ynwenner fan de gemeenten Smellingerlân en Tytsjerksteradiel.
14:21
Minder as 200 coronapasjinten op ic's yn sikehuzen
It tal coronapasjinten op de intensive cares yn de Nederlânske sikehuzen is tongersdei sakke oant ûnder de 200. Der lizze no 198 pasjinten mei corona op dy ôfdielingen, acht minder as woansdei. De lêste kear dat it tal coronapasjinten op de ic's ûnder de 200 kaam, wie op 26 oktober.
Yn totaal lizze no noch 1513 minsken mei corona yn de sikehuzen. Dat binne achttjin minder as woansdei. Op de ferpleechôfdielingen lizze op dit stuit 1315 covidpasjinten. Dat binne tsien minder as de foargeande dei. De sifers binne bekend makke troch it lanlik koördinaasjesintrum pasjintesprieding LCPS.