Drokte by de skyskoalle: minsken kinne en wolle wer op wintersport

No't yn Europa mear en mear coronaregels loslitten wurde, wolle en kinne minsken ek wer op wintersport. Skyskoallen hawwe it dêrom smoardrok.
Minsken oefenje op de skys foar de wintersport:
"De measte minsken dy't komme, riede har ta op de wintersport. Fan begjinners oant minsken mei mear ûnderfining. In soad geane mei de krookjefakânsje fuort", seit Martha Boekema, eigener fan Ski Centrum Sneek.

Drok

"Wy fernimme net dat minsken weromhâldend binne fanwegen corona. Wy hawwe it op dit stuit tige drok. De regels yn de skygebieten wurde hieltyd mear ferromme. Minsken wolle graach wer op wintersport. Sy moatte wat mear tarieding dwaan, lykas in test. De minsken fiele har wer hieltyd frijer om op wintersport te gean."
Se is bliid dat se lang om let wer iepen mocht. "De perioade dat wy ticht moasten wie wol efkes ferfelend, al wiene wy earder noch langer ticht. Aldergeloks mochten wy op 15 jannewaris wer iepen, nei sa'n fjouwer-fiif wiken. Op de dei dat it bekend wie krigen wy fuortendaalks in soad boekingen."