Selstraf easke tsjin âld-Westereender nei bedriigjen fan tsjûge drugsdeals

Justysje easket njoggen moanne sel tsjin in âld-ynwenner fan De Westereen. Hy soe in tsjûge fan drugshannel en syn famylje bedrige ha.
© Omrop Fryslân
De 27-jierrige Fries om utens, dy't no yn Vierhuizen (Grinslân) wennet, soe besocht ha de persoan ôf te parsjen. De tsjûge hat in belêstende ferklearring tsjin him ôflein.
Ferline jier waard de fertochte feroardiele omdat er kokaïne dield hie yn De Westereen en yn de omkriten fan it doarp. Hy krige in omjouwingsferbod fan in jier. Dêrnei soe er de tsjûge bedrige ha: hy woe 1.500 euro fan de man ha, oars 'soe der wat barre'. Hy bedrige ek de tsjûge syn famylje.
Neffens de fertochte gong dy jildeask om in âlde skuld. De tsjûge soe him 180 euro skuldich wêze.

Selstraf en lokaasjeferbod

De fertochte joech in part fan de beskuldigingen ta. It IM easket dat de man noch 150 dagen fan syn eardere straf ûnder betingst (321 dagen) útsit dy't ferline jier oplein waard. Boppedat soe der wer in lokaasjeferbod oplein wurde moatte foar De Westereen en in ferbod op kontakt sykjen mei de tsjûge.
De rjochter docht op 22 febrewaris útspraak.