Kolleezje Ljouwert: festivals moatte trochgean kinne yn Griene Stjer

Ljouwert moat de festivalstêd fan it Noarden wurde, ynklusyf festivals fan meardere dagen yn natuergebiet de Griene Stjer. Dat bliuwt de ambysje fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders, nettsjinsteande juridyske tûkelteammen.
In eardere edysje fan Welcome to The Village © Omrop Fryslân
Yn in brief fan B en W oan de gemeenteried stiet dat it kolleezje net meigiet yn alle advizen fan de kommisje beswierskriften. Ien fan dy advizen gong oer lûdsmjittingen en effekten op de natuer.
Op dy grûnen stapte de stichting Groene Ster Duurzaam earder mei sukses nei de rjochter. Dêrtroch gie op it lêste momint bygelyks in streek troch it festival Welcome to The Village (WtTV).
De juridyske striid en it gebrek oan wissichheid om sûnder problemen wat yn de Griene Stjer organisearje te kinnen wie foar de organisaasje fan WtTV reden om yn 2022 út te wiken nei de binnenstêd.

Kolleezje hâldt fol

Dochs bliuwt it kolleezje folhâlden dat festivals yn de takomst wol wer yn de Griene Stjer holden wurde kinne. Der wurdt wurke oan in bestimmingsplan dat dat mooglik meitsje moat.
Neffens wethâlder Hein Kuiken wurdt dat plan noch dizze maitiid oan de ried foarlein. Oer eardere juridyske flaters seit Kuiken dat er yn dit plan de gatten fan eardere kearen tichtsje wol en "opgedane ervaringen mee te nemen".

Psy-Fi yn Griene Stjer

It festival Psy-Fi kundige dizze wike oan dat it kommende simmer opnij nei de Griene Stjer ta komt. De datum is wol feroare. "Om verschillende redenen hebben we besloten, in overeenstemming met de gemeente Leeuwarden, het festival te verplaatsen naar een latere datum: 14-18 september 2022."