Buorden oan Schoterlandseweg warskôgje ferkear foar oerstekkende deimen

De provinsje hat in nije stap naam yn it werombringen fan de oerlêst fan hûnderten deimen (damherten) by Mildaam, Ketlik en Nijhoarne. By de Schoterlandseweg stean ferskate warskôgingsbuorden dy't opljochtsje op tiden dat de bisten warber binne.
Sa wurkje de buorden oan de N380:
Der wie in skoft sprake fan it ôfsjitten fan in part fan de populaasje, mar nei beswieren moat de provinsje earst oare maatregels treffe foardat de populaasje deimen by Ketlik werombrocht wurdt troch se ôf te sjitten. Dat wurdt no mei de warskôgingsbuorden dien.

Minder hurd ride

Harry Koenen is foarsitter fan Pleatslik Belang yn Ketlik en wennet oan de dyk. Hy sjocht de bisten hast alle dagen wol by de dyk stean. "Dit is in 80 kilometerdyk en de measte automobilisten hâlde har dêr oan, mar nachts wurdt wol hurder riden. Troch dizze buorden ha ik wol it gefoel dat de ferkearsdielnimmers har snelheid wol minderje. De tiid sil útwize oft it echt helpt."
© Omrop Fryslân, Earryt Sijens
Hy is der wiis mei dat der harke wurdt nei de beswieren fan de buert. "As partikulieren ha we der miskien net folle lêst fan dat se de beammen keal frette." Foar agrariërs is de skea wol grut. "In boer kin op jierbasis wol twa kij fuorje fan wat in stel deimen op syn greide ferfret."
Harry Koenen