sc Hearrenfean skrikt fan wangedrach Overmars: "Je moet altijd alert zijn"

De direksje fan sc Hearrenfean skrikt fan de affêre fan it wangedrach fan Marc Overmars by Ajax. Ek om't alle betelle fuotbalklups al in skoft ferplichte binne om in aktyf belied te fieren foar in feilich wurk- en sportklimaat.
Direkteur Cees Roozemond reagearret op de affêre:
Marc Overmars liet snein witte fuortendaalks op te stappen as direkteur by Ajax fanwegen syn gedrach yn 'e rjochting fan meardere froulike kollega's.
Overmars soe syn macht misbrûkt hawwe, mispleatste en yntimidearjende appkes nei kollega's stjoerd hawwe en sels foto's fan syn geslachtsdiel appt hawwe. Ajax lit de saak no ûndersykje troch it ûnôfhinklik Instituut voor Sportrechtspraak ISR.

Grutte skok

"Marc is natuurlijk een ongelooflijk icoon in de voetbalwereld. Dat maakt de schok extra groot", seit direkteur Cees Roozemond fan sc Hearrenfean. Hy moast sneintejûn it earste berjocht oer it opstappen fan Overmars ferskate kearen lêze, foardat it ta him trochkrong. "In eerste instantie geloofde ik het niet, maar het bleek helaas toch zo te zijn. Ik was er behoorlijk van de leg van", sa seit Roozemond.
© Omrop Fryslân
sc Hearrenfean is neffens Roozemond al jierren dwaande mei maatregels om in feilich wurk- en sportklimaat by de klup te befoarderjen. "Er werken hier zo'n honderd mensen, mannen én vrouwen. De verhouding is de laatste jaren ongeveer 50/50."

Falkûle

Hy wol al dy meiwurkers in feilich wurkklimaat biede. "En denk nooit dat zoiets hier niet kan gebeuren, dat is de grootste valkuil", seit Roozemond. "Dus moet je op allerlei manieren ervoor zorgen dat je de kans dat zoiets hier gebeurt zo klein mogelijk maakt."
Je moet altijd alert zijn. Het meest domme dat je kan doen, is denken dat het jou niet overkomt.
Direkteur Cees Roozemond fan sc Hearrenfean
De direksje hat in foarbyldfunksje as it giet om it fertoanen fan goed gedrach, is Roozemond fan betinken. "Maar je moet altijd alert zijn. Het meest domme dat je kan doen, is denken dat het jou niet overkomt."
Direkteur Cees Roozemond fan sc Hearrenfean © Omrop Fryslân
It fuotbalbûn KNVB hat nei oanlieding fan de affêre Overmars op 'e nij ôfpraat mei de betelle fuotbalklups dat it wurk- en sportklimaat feilich wêze moat foar eltsenien.

Betrouwenspersoanen

Sportklub Hearrenfean en SC Cambuur steane beide folslein achter de oanpak fan it KNVB. Beide klups hiene ek foar de affêre Overmars al betrouwenspersoanen. Dêr kin ien meldingen dwaan fan saken as net-winske yntimiteiten of machtsmisbrûk.
sc Hearrenfean hat sels trije betrouwenspersoanen yn tsjinst dêr't meiwurkers dy't him of har net feilich fiele terjochte kinne. "Het is belangrijk om meerdere vertrouwenspersonen te hebben, mannen en vrouwen, zodat iedereen bij een vertrouwenspersoon terecht kan", seit direkteur Roozemond.