FIDEO: Trije jonge froulju runne it doarpshûs fan Tytsjerk
It begûn as in grap, mar no hat it doarpshûs Yn'e Mande yn Tytsjerk trije nije eigeners: Kim, Marieke en Lyan, fan 18, 19 en 20 jier. Sy studearje alle trije noch. Dochs sille sy der alle wykeinen oan de slach. "Twa jier lang ha wy hjir wurke by in oare eigener. Dy is der mei ophâlden en doe seine wy: wy wolle wol trochsette!"