Falko Zandstra: "Der is net ien dy't safolle talint hie as ik"

Falko Zandstra helle yn syn reedrydkarriêre ien sulveren en ien brûnzen olympyske medalje, mar der hie folle mear ynsitten. Dat seit Zandstra yn de olympyske SportCast fan Omrop Fryslân.
Sjoch nei de opnames fan de SportCast:
"Der wie net ien mei safolle talint as ik", seit Zandstra. "Ik koe hiel goed rjocht nei foaren ride, dat wie myn talint. Sa wie ik mei minder krêft dochs rapper. Rintje Ritsma hat my noch wolris tank sein dat hy altyd efter my oan ride koe. Dêr hat hy jierren profyt fan hân."
Mei de Winterspelen prate Roelof de Vries, Wybren de Boer en Andor Faber dy yn de Olympyske SportCast twa kear yn 'e wike by oer alles wat der bart yn Peking. De presintaasje is yn hannen fan Arjen de Boer.
De SportCast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere SportCasts werom te harkjen.
Efternei hat Zandstra spyt dat hy te lang by de kearnploech bleaun is en net de oerstap makke hat nei in kommersjele ploech. "Ik siet de lêste trije jier net lekker yn myn fel en ik tink dat as ik mei Rintje Ritsma en Wopke de Vegt meigien wie, dat ik dan better prestearre hie."
Falko Zandstra © ANP