Learlingen Ljouwerter gymnasium Beyers Naudé fêst yn Rome nei coronabesmetting

Corona of net, by it kristlik gymnasium Beyers Naudé yn Ljouwert doarden se in reis nei Rome wol oan. Op de lêste dei fan de skoalreis testen alve skoalbern lykwols posityf. De learlingen en twa dosinten sitte no yn karantêne yn harren hotel yn Rome.
© Noppasin Wongchum / Shutterstock
Baukje de Boer is ien fan de dosinten dy't mei wie op de Romereis. Der sitte op it stuit trije dosinten by de learlingen yn it hotel: ien dêrfan is ôfrûne snein spesjaal oerkommen út Fryslân wei. De Boer wie ek mei op de klassike reis, mar se is yntusken werom. "Ik bin noch hieltyd negatyf, mar in kollega fan my dy't efterbleaun is, is yntusken wol posityf."
Foar't de learlingen nei Rome giene, binne in protte tariedings troffen. Der wie in protte kontakt mei de âlden en bern, seit De Boer. Doe't de learlingen op 4 febrewaris posityf teste wiene, wie der net fuortendaliks panyk. "De bern wisten hiel goed wêr't se oan begûnen", seit de dosinte. "Op de reis ha se hieltyd selstesten dien. Se binne der yn dat opsicht hiel bewust yn gien."
De reisadvizen steane gewoan op giel. Je kinne net samar de boel cancelje. Dat rint rjochting de tonnen.
Baukje de Boer, dosinte op it Beyers Naudé
"De klassike reis is de ôfsluting fan it gymnasium", seit De Boer. "We ha it al in oantal kear útsteld. Dit wie de lêste mooglikheid." Mei de komst fan de omikronfariant waard it wol spannend oft it dit jier trochgean koe. Dochs koe de reis net samar skrast wurde, seit De Boer. "De reisadvizen steane gewoan op giel. Je kinne net samar de boel cancelje. Dan rinne de kosten rjochting de ton."
It giet goed mei de learlingen dy't efterbleaun binne. Se ha alle dagen kontakt mei it Beyers Naudé en folgje út it hotel wei de lessen. "In tal learlingen meitsje op ôfstân sels in tal toetsen", seit De Boer. De lessen binne op it stuit boppedat foar alle learlingen online, ek fanwegen de oare besmettingen op de Ljouwerter middelbere skoalle.

Yn plokjes nei hûs

De learlingen dy't negatyf teste, kinne moarn werom nei hûs. "Sa sil der freed of sneon wer in testronde wêze. It neidiel is dat Italië kwa rjochtlinen bêst strang is. We moatte echt earst negatyf teste. We besykje se earst yn plukjes wer werom te krijen, tegearre mei it reisburo."
Foar learlingen dy't noch hieltyd posityf teste, wurdt sjoen oft se mei help fan in doktersferklearring weromhelle wurde kinne. De ekstra kosten fan de skoalreis wurdt dutsen troch de fersekering.
Baukje de Boer fan it Beyers Naudé oer de Romereis