Skieden jarre en stront ferleecht útstjit ammoniak net, mar hat wol sin

It skieden fan jarre en stront yn de stâl soarget net foar minder ammoniakútstjit. Allinnich as de jarre dêrnei noch bewurke wurdt, kin it skieden soargje foar minder ammoniak, dus minder stikstof.
Skieden jarre en stront helpt net tsjin ammoniakútsjit, seit Wageningen Universiteit:
It docht bliken út ûndersyk fan de Wageningen Universiteit op de Dairy Campus yn Ljouwert. De Campus ûndersiket dêr trije typen fan skieding, wêrûnder in tegelflier dy't jarre trochlit en dêr't de stront op lizzen bliuwt en in kowehúske dat miich fuort ûnder de sturt fan de ko opfangt en ôffiert.
In saneamde emisje-earme stâlflier © Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
De hoop wie dat dizze skieding streekrjocht soargje soe foar minder ammoniakútstjit, fertelt Paul Galama, projektlieder fan de universiteit.

Ammoniakproduksje

Ek miich dy't net mei stront yn oanrekking komt, produsearret in soad ammoniak, mooglik sels mear dan yn driuwdong. "Mei it kowehúske krije we in stik minder ammoniak yn 'e stâl, omdat we de miich fuort ôffiere. Mar dan moat it wol opslein wurde, oars giet it noch de loft yn", fertelt Galama.
Paul Galama, projektlieder Universiteit fan Wageningen © Omrop Fryslân
By de tegelflier giet de ammoniakútstjit yn 'e stâl hielendal net omleech. Dêr is mear foar nedich. Foaral út de polityk, bygelyks út de mûle fan de bekende lânbouspesjalist fan D66, Tjeerd de Groot, is faak te hearren dat skieden fan jarre en stront soarget foar minder ammoniakútstjit.
D66-Twadde Keamerlid Tjeerd de Groot
Anne de Boer, betinker fan de stâl mei de tegelflier, sei yn 2020 tsjin Omrop Fryslân dat er hege ferwachtingen hie fan syn útfining. Earste mjittingen lieten sjen dat de útstjit fan ammoniak mei mear as de helte weromrûn yn stâlen dêr't de flier as proef lei.
Ik tink dat it úteinlik wol goedkomt.
Anne de Boer, betinker fan de stâl mei de tegelflier
Dat de mjittingen no sjen litte dat dit net sa is, betsjut in flinke teloarstelling. "It wie efkes slikke en wer trochgean. Ik hie net ferwachte dat it sa dreech wêze soe. Mar ik tink dat it úteinlik wol goedkomt. Us flier soarget wol foar de bêste skieding fan jarre en stront", seit De Boer.
Anne de Boer © Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
It skieden fan jarre en stront oan de boarne hat wol foardielen, boppe de driuwdong dy't no yn de kelders fan de measte lisboksstâlen sit, fertelle De Boer en Galama. Skjinne jarre en fêste stront kinne better en effisjinter brûkt wurde as dong op it lân. Mar nei it skieden moatte der noch wol de nedige bewurkingen dien wurde om de ammoniakútstjit fan de jarre tsjin te gean.

Twa metoaden

Der wurdt no wurke oan twa metoaden, fertelt Galama. De jarre yn de put en op de flier bewurkje mei in soer om ammoniakfoarming tsjin te gean, en it ôfsûgjen fan de ammoniak út de put en flak boppe de tegels. De ammoniak kin dan nei in waskbeurt op it lân brocht wurde.

Syktocht

Mei beide metoaden wurdt al eksperimintearre. Hoelang oft it noch duorret foardat it klear is wit Galama net krekt. "It bliuwt in syktocht en it falt net ta om de ammoniakútstjit werom te bringen fan trettjin kilo foar ien kowelisplak nei seis kilo of minder. Dat sil noch wol even duorje. Mar ik bin optimistysk oer de tegelflier en de ammoniak dy't we dêrút op it lân bringe kinne. Dat is in boppeslach."
Galama hopet dat der yn de rin fan dit jier mear dúdlik wurde sil.
Harkje nei de reportaazje fan ferslachjouwer Gerrit de Boer