Liveblog | 8 febrewaris 2022

Coronanijs 8 febrewaris: RIVM hellet efterstân yn | Syktefersom yn soarch tanaam

Yn dit liveblog melde we it lêste nijs oer it coronafirus:

  • Yn Fryslân binne tiisdei 18.807 nije coronabesmettingen meld, RIVM hellet efterstân yn ien dei yn;
  • Skoallekoepel warskôget foar sosjale gefolgen fan lesútfal troch corona;
  • Alve skoalbern Beyers Naudé teste posityf op Romereis;
  • Kommende wike mear ferrommingen fan de maatregels, sizze Haachske boarnen tsjin Nieuwsuur;
  • Der leine moandei 22 coronapasjinten yn de Fryske sikehûzen.

Dit liveblog is ook in het Nederlands te volgen.

Lêst bywurke: 8 febrewaris 2022, 22:17
tiisdei 8 febrewaris 2022
22:15

Ein fan dit liveblog

Wy slute it liveblog foar hjoed. Tank foar it folgjen en moarn melde wy ús wer.
21:26

4 miljoen foar byspringcoronasoarch

It kabinet lûkt fjouwer miljoen euro út om minsken op te lieden dy't op krisismominten yn de coronasoarch byspringe kinne.
In spesjaal team hat him dwaande holden mei de fraach hoe't nije weagen fan it firus opfongen wurde kinne. Ien fan de oanbefellingen wie it soargen foar kombibanen: minsken dy't bygelyks yn it ûnderwiis of ûndersyk wurkje, mar dy't byspringe kinne yn de soarch yn krisistiid.
18:50

Syktefersom yn de soarch opnij tanaam

It syktefersom by sikehûspersoniel is ôfrûne wike fierder tanaam, seit de Nederlandse Zorgautoriteit (NZa). De tafersjochhâlder neamt it de grutste útdaging fan dit momint. Op ferpleechôfdielingen leit it fersom op 10 persint. By intensive cares giet it om 10,3 persint. Net allinne yn de sikehuzen, mar ek by de húsdokters en thússoarch is it fersom heech.
18:30

'Iepen hâlden fan de maatskippij' útgongspunt yn coronabelied

It kabinet wol tenei it 'iepen hâlden fan de maatskippij' as wichtich útgongspunt yn it each hâlde as it giet om it coronabelied. Dat hat minister Ernst Kuipers fan Folkssûnens yn in brief oan de Twadde Keamer skreaun.
It belied moat neffens Kuipers twa doelen hawwe: de sosjaal-maatskiplike en ekonomyske kontinuïteit, en de tagonklikens fan de soarch foar eltsenien. Dy doelen hawwe neffens de minister in likense wearde. Sa moat der ek mear omtinken wêze foar in sa normaal mooglike wize fan libjen, sa jout Kuipers oan.
18:10

EMA ûndersiket boosterfaksin foar jongelju

Pfizer en BioNTech hawwe frege oft harren faksin ek brûkt wurde kin foar jongelju tusken de 12 en de 17 jier foar in boosterprik yn Europa. De Europeeske tafersjochhâlder, it EMA, is úteinset mei it beoardielen fan it middel. It EMA komt mei in advys, mar it is noch net krekt bekend wannear't dat ferwachte wurde kin.
18:00

Lanlik in soad nachthoareka útferkocht mei aksje

In soad nachthoareka is folslein útferkocht foar de op sneon plande iepeningsaksje De Nacht staat op. Klups iepenje harren doarren dan as protest tsjin de coronamaatregels. De aksje waard ferline wike oankundige troch brânsjorganisaasje Nachtbelang. Nachtklups yn it hiele lân hawwe har oansletten.
Freed komt it Outbreak Management Team wer byinoar om te praten oer mooglike ferrommingen. In nije coronaparsekonferinsje folget takom wike.