Thomas Burger net troch yn Project Rembrandt: "It brocht my wol in soad"

Thomas Burger fan Wytmarsum is ôffallen yn it telefyzjeprogramma Project Rembrandt. Syn lêste skilderij wie net genôch om troch te gean. Burger fynt it spitich, mar ek wol in opluchting. "It hat my wol in soad brocht."
Thomas Burger © Project Rembrandt, Lilian van Rooij
Yn acht ôfleveringen wurdt yn it NTR-programma socht nei de meast bejeftige keunstskilder fan Nederlân. Hiel lang hie Thomas Burger hielendal neat mei keunst. Hy wurke wol graach mei syn hannen en wie kreatyf, mar dan as timmerman mei syn eigen put- en ûnderhâldsbedriuw.
Burger tekene yn de tredde ôflevering in stillibben en skildere in sêne yn in skatebaan. Mar hy murk dat er tsjin de grinzen fan syn kinnen oanrûn. "Ik fûn it ek wol hiel spannend. Under spanning wat skilderje is dreech. De kamera's draaie deromhinne, je hawwe opdrachten en je witte net wat der komt. Je wolle prestearje, mar dat falt dan ôf."

Atelierromte

Nettsjinsteane dat er de ein net helle hat, hie Burger it nea misse wollen. "Je leare komposysjes betinken, neitinken oer djipte en dat je in ferhaal fertelle moatte. Ik wol stikem wol wat mear dwaan mei de keunst. Ik wenje yn in âld skoalgebouke, dat soe him wol liene foar in atelier."
Burger ried nei de opnamen nei hûs ta, belle syn frou en fertelde dat it wol goed wie sa. It gie him net om de winst. "De groep wie hiel leuk. It wie net mear as terjochte dat ik derút gie, as ik nei de oaren sjoch. It wie leuk, mar no thús wer lekker fierder mei it skilderjen."
Thomas Burger fan Wytmarsum