Voedselbank Damwâld komt by it gemeentehûs fan Dantumadiel yn

De Voedselbank yn Damwâld ferhuzet nei it gemeentehûs fan Dantumadiel. De gemeente sjocht it as in 'koppelkâns', want minsken kinne op it plak ek fuortendaalks helpferliening krije.
© Omrop Fryslân, Marlinde van der Woude
Minsken mei in lytse beurs fine op it gemeentehûs ek profesjonele stipe op it mêd fan bygelyks earmoedbestriding en skuldhelpferliening.
De lokaasje komt op it plak fan de eardere bibloteek yn it gemeentehûs. De Voedselbank krijt in eigen yngong oan de noardkant fan it kompleks, oan de Roggeblom.
De Voedselbank hat oant 1 oktober noch in hierkontrakt oan de Lytse Loane. Wannear't de ferhuzing folget, is noch net krekt bekend. De Voedselbank Dantumadiel wurdt draaiende holden troch goed tritich frijwilligers en is oprjochte yn 2011, út de menistetsjerke fan Damwâld wei.