Suzanne Schulting wint olympysk sulver op 500 meter, De Laat fiifde op 1.000 meter

Suzanne Schulting hat moandeitemiddei op de Olympyske Spelen yn Peking by it shorttrack in sulveren medalje wûn op de 500 meter.
Suzanne Schulting nei de finale © Orange Pictures
Yn har kwartfinale tsjin Chunyu Qu, Sumire Kikuchi, Kristen Santos en Martina Valcepina wie de 24-jierrige shorttrackster fierwei de rapste. De Italiaanske Valcepina waard fanwegen in twadde falske start al foar de rit diskwalifisearre.
De oare Nederlânske dielnimsters waarden yn de kwartfinale útskeakele. Xandra Velzeboer waard diskwalifisearre en Selma Poutsma gie ûnderút.

Oppermachtich

Yn de heale finale hie Schulting nei de start direkt al in grut gat mei har tsjinstanners. Dat waard net mear oerbrêge, wêrtroch't Schulting op oppermachtige wize nei de finale gie.
Yn de finale moast de Friezinne fan it twadde plak ôf starte efter de Italiaanske Arianna Fontana. In goeie start wie nedich om direkt op kop te kommen. Yn it gedrang fan dy start kaam Fontana te fallen, wêrnei't in werstart kaam.

Tredde medalje

Nei de werstart kaam Schulting direkt oan kop fan de race. Fontana kaam der lykwols mei noch ien ronde te gean foarby en pakte dêrmei it goud. It sulver gie nei Schulting.
Dêrmei pakte se nei it goud op de 1.000 meter en it brûns op de ôflossing yn 2018 foar de tredde kear yn har karriêre in olympyske medalje.

Falpartijen

By de manlju stie moandei de 1.000 meter op it programma. Yn de kwartfinale fan De Laat siet it spektakel yn de lêste ronde. De Laat ried kreas op it twadde plak, mar waard ûnderút helle troch de Australiër Brendan Corey. Ek de Sinees Ziwei Ren gie yn dy boch ûnderút, wêrtroch't de twa lêsten, Furkan Akar en John-Henry Krueger, as twa earsten oer de streek kamen.
Sjinkie Knegt © ANP
De sjuery liet De Laat fanwegen it hinderjen fan Corey wol troch nei de finale. Ek Ren mocht nei de finale. Dat gie ta koste fan Krueger, dy't diskwalifisearre waard.

Knegt diskwalifisearre

Knegt ried yn syn kwartfinale hast de folsleine rit op it tredde plak. Dat soe net genôch wêze foar de heale finale. Yn de alderlêste bocht slagge in ynhelaksje fan Knegt om Wenlong Li foarby te kommen. Dat wie neffens de sjuery lykwols net neffens de regels. De shorttracker fan Bantegea waard dêrom diskwalifisearre.
Itzhak de Laat © ANP
Yn de heale finale starte De Laat goed mei in twadde plak, mar nei't er foar it earst ynhelle waard troch ien fan de broerkes Liu sakke er yn de lêste ronden ien-foar-ien nei it lêste plak.
Nei in falpartij Shaoang Liu kaam er úteinlik as fiifde oer de streek. Dêrmei wie er feroardiele ta de B-finale.
Yn dy B-finale mei Andrew Heo út de Feriene Steaten en Furkan Akar út Turkije waard er nei in knappe ynhelaksje earste. Dêrmei wie er yn elk gefal wis fan it sechde plak op de Spelen. Ofhinklik fan diskwalifikaasjes yn de finale koe dat noch better wurde.
Dêrfan kaam der ien, foar de Hongaar Shaolin Sandor Liu. Dêrtroch skode de 27-jierrige De Laat noch op nei it fiifde plak. Dat is syn bêste prestaasje op de Spelen yn syn karrêre oant no ta.
Sjoch foar mear nijs oer de Olympyske Spelen op ús dossierside. Dêr sjochst ek wannear't de Friezen yn aksje komme.