Wüst kin it hast net leauwe: "Dit slaat nergens op"

In fantastyske film; sa neamt Ireen Wüst har olympyske gouden medalje op de 1.500 meter. "Op dit moment heb ik het idee dat ik in een droom zit", seit de 35-jierrige Friezinne.
Ireen Wüst © ANP
De reedrydster fan It Hearrenfean hat no seis gouden medaljes op de Olympyske Spelen. Se is de earste wintersporter dy't der yn slagge is om fiif Spelen efterinoar in gouden medalje te winnen.

Gjin wurden

"Ik heb er nog niet echt woorden voor op dit moment. Ik voelde me de hele tijd al goed en als je dan op dit moment zo'n race neerzet", seit Wüst. "Dat het dan weer lukt. Het slaat helemaal nergens op."
Wüst moast tasjen oft topfavorite Miho Takagi yn de lêste rit noch ûnder har tiid dûke soe. "Dat was retespannend, die laatste rit. Dan zat Miho er weer net onder, dan er op en dan weer er net onder. Dan ga je helemaal kapot."

Paulien

Nei ôfrin gienen der in hiel soad dingen troch de holle, seit Wüst. "Je mist hier natuurlijk wel gewoon je familie, je vrienden en mijn vriendin (reedrydster Letitia de Jong fan Feanwâlden, red.) natuurlijk. En ook wel Paulien."
Paulien is Paulien van Deutekom. De âld-reedrydster ferstoar begjin 2019 oan de gefolgen fan longkanker.
"Je mist haar natuurlijk gewoon nog elke dag. Op momenten zoals deze dan extra erg. Dit zijn die momenten dat je dan normaal gesproken schreeuwend met elkaar aan de telefoon zou hangen. Dat kan dan nu niet. Misschien viert ze daarboven wel een feestje", sei Wüst yn triennen.
Antoinette de Jong © Orange Pictures
It brûns op de 1.500 meter wie foar Antoinette de Jong fan Rottum. De Friezinne revansearre har dêrmei fan har minne 3.000 meter op sneon.
"Ik bin hiel bliid. Doe't ik starte, fielde it bêst wol goed, mar ik krige krekt net alles derút wat deryn siet. Dat wie wol frustrearjend en spitich", seit De Jong. "Mar as je net in hiele perfekte race ride en dochs brûns winne, dêr bin ik wol hiel bliid mei."

Takomst

"Ik ha my wol goed 'herpakt'. De 3 kilometer gie net sa't ik woe. Dan moatst dy wol binnen ien dei 'herpakke'. En dan stean ik hjir wol. Net mei in fantastyske race, mar op 'vechtlust' stean ik hjir wol mei brûns", seit De Jong.
Wüst begûn har earste 1.500 meter op de Spelen ek mei brûns. Dat jout De Jong hoop. "Ik bin no 26, as ik sa âld bin as Wüst moatte der noch twa Spelen komme. Dus op nei de folgjende."

Soer plak foar Groenewoud

Marijke Groenewoud fan Hallum kaam fyftjin hûndertsten tekoart foar in medalje. "Wol soer", seit Groenwoud. Se einige úteinlik as fiifde.
"Ik tink dat myn earste ronde te stadich wie. Ik tink dat ik it dêr lizze litten haw", seit de wrâldkampioene op de massastart. "It mei miskien neat útmeitsje, mar ik hie op de krusing ek neat oan myn tsjinstanner. Ik bin wol in racer, dus dêr hie noch wol wat winst lein."
Mar al mei al is de Fryske reedrydster wol tefreden. "Ik ryd gewoanwei yn de B-groep (op de wrâldbekers, red.), dus as ik no fiifde wurd mei ik net kleie."
Sjoch foar mear nijs oer de Olympyske Spelen op ús dossierside. Dêr sjochst ek wannear't de Friezen yn aksje komme.