Liveblog | 7 febrewaris 2022

Coronanijs 7 febrewaris: noed oer corona-útfal | Kroegen Drachten ticht

Yn dit liveblog melde we it lêste nijs oer it coronafirus:

Dit liveblog is ook in het Nederlands te volgen.

Lêst bywurke: 7 febrewaris 2022, 22:10
22:10

Ein fan dit liveblog

Wy slute it liveblog foar hjoed. Tank foar it folgjen en moarn melde wy ús wer.
19:40

Tanimming yn coronapasjinten sikehuzen komt mooglik troch rapportaazje

De grutte tanimming yn it tal coronapasjinten yn de sikehuzen komt mooglik troch in feroaring yn de meldingen troch guon sikehuzen. In oantal joech in skofkte allinne de coronapasjinten troch dy't echt siik waarden. Fan moandei ôf jouwe alle sikehuzen wer alle minsken troch dy't mei in besmetting yn de sikehuzen lizze.

Ferklearring

Fan snein op moandei gie it tal coronapasjinten yn de sikehuzen mei 149 omheech: dat soe de grutste tanimming sûnt desimber 2020 wêze. Mar neffens it Landelijk Netwerk Acute Zorg (LNAZ) kin de rapportaazje dêr wolris de ferklearring foar wêze. Pasjinten dy't mei in oare oandwaning yn it sikehûs leine en tafallich ek noch corona hiene, waarden net by de sifers opteld. Om hoefolle sikehuzen oft it krekt giet, koe it LNAZ moandei net sizze.
It is winsklik om wol alle besmette minsken mei te nimmen, om't it foar de druk op de soarch neat útmakket oft in pasjint der echt siik fan is of net. Want troch alle maatregels easkje alle besmette persoanen in protte mear soarch.
19:30

Kroegen yn Drachten ticht: eigeners ferbjustere oer driging mei twangsom

Ferskate kafees yn Drachten slute fuortendaalks de doarren. Sy krigen in oantekene brief fan de gemeente mei in lêste warskôging: as der nochris in oertrêding fan coronaregels konstatearre wurdt, folget in twangsom fan 10.000 euro.
Gerwin Dokter is eigener fan kafee Het Raadhuys yn Drachten. "Ik iepenje net om't ik it net sitten sjoch mei de driging fan in twangsom fan 10.000 euro op 'e nekke", seit Dokter, "Dat slacht nearne op. It is net yn proporsje, krekt as is it in heale misdied. Wy kinne 10.000 euro net efkes op it kleed lizze."
© Omrop Fryslân
19:20

Skoallekoepel warskôget foar gedrachsproblemen bern

Skoallekoepel Proloog hat soargen oer de sosjaal-emosjonele gefolgen fan de útfal yn it ûnderwiis. "Als je ziet dat kinderen in de knel komen, dan voelen wij ons daar ook verantwoordelijk voor", seit Arjette de Pree fan Proloog.
"We merken ook steeds meer dat kinderen sociaal-emotionele achterstanden oplopen. Dat vertaalt zich in gedragsproblemen op school. Dat is iets wat je niet wil. Kinderen hebben baat bij andere kinderen, baat bij de structuur van school", seit sy. Yn ien situaasje hat Proloog Jeugdzorg ynskeakele. "Dat is op één van onze scholen gebeurd. Als wij zelf geen hulp kunnen bieden, dan moeten we ervoor zorgen dat er iemand ingeschakeld wordt die dat wel kan doen."
Arjette de Pree, foarsitter fan it kolleezje fan bestjoer fan skoallekoepel Proloog © Omrop Fryslân
17:28

Nachthoareka set ek nei oerlis mei minister de iepeningsaksje troch

De nachthoareka set ek nei oerlis mei minister Micky Adriaansens fan Ekonomyske Saken de iepeningsaksje De Nacht troch. Dat sei Pieter de Kroon fan it Overleg Amsterdamse Clubs (OAC). Mei de jildende coronamaatregelen moat de hoareka jûns om 22.00 oere ticht wêze. Dat betsjut dat de nachthoareka hielendal stil leit.
Adriaansens hat sein dat der foar 15 febrewaris gjin ferrommingen yn sitte foar de nachtklups. Ek warskôge se dat ûndernimmers dy't harren net oan de regels hâlde in boete krije kinne. Neffens De Kroon wol de minister freed wol "iets van perspectief bieden" foar de nachthoareka. Hy neamt it in "goed gesprek" mei de minister.
17:03

Ferskate pop-up faksinaasjelokaasjes dizze wike wer iepen