UNIS Flyers winne fan Herentals troch sterke twadde perioade

De UNIS Flyers hawwe sneintejûn sûnder problemen wûn fan HYC Herentals. De einstân nei 60 minuten iishockey wie 3-6.
Roope Nikkilä fan de Flyers yn aksje © Orange Pictures
Eef Gerritsen sette de Friezen yn de fjirtjinde minút op foarsprong. De earste perioade waard ôfsletten mei dy 0-1 tuskenstân op it skoareboerd. De twadde perioade koe net better begjinne foar de Flyers. Jasper Nordemann makke yn de 23ste minút 0-2 nei in assist fan Kevin Nijland.

Flyers net fan slach

De Flyers krigen dêrnei wol in tsjinslach te ferwurkjen: Jacques De Ceuster makke de 1-2. It antwurd fan de ploech fan It Hearrenfean liet lykwols net lang op him wachtsjen. Mei in moai skot makke Gerritsen syn twadde fan de jûn: 1-3.
Noch foar de ein fan de twadde perioade rûnen de Flyers fierder út troch in goal fan Roope Nikkilä nei in power-playsituaasje. En it waard noch moaier: Trevor Hunt passearre de Belgyske doelman foar de fiifde kear: 1-5.

Nordemann mei de beslissing

Yn de tredde perioade dienen de Belgen wat werom. Nick Verschuren soarge foar de 2-5. Dêrnei waard it fia Ethan Skinner sels 3-5. Herentals spile folle oanfallender, mar echt spannend waard it net mear.
Jasper Nordemann beslikke de wedstriid lang om let yn de 57ste minút: 3-6. Dat wie ek de einstân.