Frachtweinen toeterjend troch Noard-Nederlân tsjin coronamaatregels

In stoet fan sa'n santich frachtweinen ried snein troch Noard-Nederlân om te protestearjen tsjin it coronabelied. De optocht gie fia Ljouwert, Grins, Veendam en Assen werom nei Ljouwert.
Frachtweinen toeterjend troch Noard-Nederlân tsjin coronabelied:
Der dienen benammen Friezen mei oan it ferfolch fan de truckersaksje fan ferline wike. De sjauffeurs protestearren mei harren tocht tsjin de coronaregels ûnder de namme Convoy for Freedom. De aksje is oerwaaid út Kanada wei.

Sjauffeurs hawwe it dreech

Truckers hawwe it dreech, neffens de lieder fan it konfoai fan snein, Anton van der Meulen. Se hawwe skjin harren nocht fan de maatregels. "De chauffeurs kunnen onderweg niet fatsoenlijk plassen en niet fatsoenlijk eten. Het is een drama en een ergernis aan het worden."
De aksjefierders binne net tsjin in faksin, mar Van der Meulen leaut net dat der in pandemy is. "Er worden echt wel mensen ziek. Maar iedereen moet zelf weten of ze een vaccin nemen. Dat moet je respecteren. Ze zijn nu mensen dingen aan het opdringen. Het is hoofdzakelijk de QR-code, waar ik en de meeste jongens niet achter staan", seit de Fryske organisator.
Sels praat hy net fan in organisaasje, mar in út de hân rinnende aksje fia sosjale media. Nije wike wolle se mei noch mear minsken en frachtweinen nei Den Haag. Miskien ek wol mei trekkers, tinkt Van der Meulen.
"Maar boven ons zit nog een hogere organisatie, Convoy for Freedom NL en we weten niet wat hun plannen zijn. Tot nu toe denken we: Den Haag volgende week en misschien daarna wel Brussel."

Spontane aksjes

Oft it no Facebookaksjes binne of dat der dochs in organisator efter sit, Convoy for Freedom liket it meast op in organisaasje fan spontane aksjes, dêr't Fryske ûntefreden truckers graach toeterjend en mei flaggen wapperjend oan meidogge.