Wüst jaget op har tredde olympyske gouden plak op de 1.500 meter

Der komme moandei in protte Friezen yn aksje op de tredde dei fan de Olympyske Winterspelen yn Peking. Sa ride Antoinette de Jong, Ireen Wüst en Marijke Groenewoud de 1.500 meter. Soargje sy foar de earste Fryske medaljes dizze Spelen?
© Orange Pictures
Wüst is de titelferdigener op de 1.500 meter. Yn 2018 wie se yn it Koreaanske Pyeonchang yn in tiid fan 1.54,35 de alderbêste. Ek yn 2010 yn Vancouver wûn se olympysk goud op dizze ôfstân. Titelprolongaasje sil lykwols dreech wurde: de Japanse Miho Takagi is de grutte favoryt en ek de Amerikaanske Brittany Bowe is immen om rekken mei te hâlden.

Antoinette de Jong wol revânsj

Dan is der fansels ek noch Antoinette de Jong. De Rottumse waard teloarstellend achtste op de 3.000 meter. Nimt sy revânsj en pakt se in medalje? En wat kin Marijke Groenewoud? Dat se har op dizze ôfstân pleatst hat foar de Olympyske Spelen is op himsels al in ferrassing. Groenewoud hat dus neat te ferliezen. Miskien bringt de ûnbefongenheid har wol nei in goede klassearring.
Groenewoud komt yn rit njoggen út tsjin Qi Yin út Sina. Antoinette de Jong nimt it yn rit alve op tsjin de Kazachse Nadezhda Morozova en yn de rit dêrnei rydt Wüst tsjin Ivanie Blondin út Kanada. Yn de leaste twa ritten komme de grutte favoriten Bowe en Takagi yn aksje.
© Orange Pictures
Ek de shorttrackers komme moandei yn aksje. Suzanne Schulting sil besykje om har te pleatsen foar de finale op de 500 meter. Earst sil se besykje om yn har kwartfinale by de bêste twa te einigjen. Letter op de dei folget dan noch in heale finale.
Itzhak de Laat en Sjinkie Knegt ride moandei de 1.000 meter. Foar beide manlju is de opjefte itselde as foar Schulting: earst by de bêste twa einigje yn de kwartfinales en dan de heale finale troch sjen te kommen. De Laat komt yn aksje by de tredde kwartfinale, Knegt by de fjirde.
Sjoch foar mear nijs oer de Olympyske Spelen op ús dossierside. Dêr sjochst ek wannear't de Friezen yn aksje komme.