Sven Kramer skammet him in bytsje foar syn lêste fiif kilometer

Sven Kramer skammet him in bytsje foar syn lêste 5 kilometer op de Olympyske Spelen. De Fries, trijefâldich olympysk kampioen op dizze ôfstân, kaam yn Peking net fierder as 6.17,04, goed 7 sekonden boppe de tiid wêryn't er fjouwer jier lyn goud ferovere yn Pyeongchang.
Sven Kramer © Orange Pictures
Kramer stoarte goed fjouwer ronden foar de ein yn. "Dat lei ek in bytsje oan mysels. Ik spile alles of neat. Je witte dat je 6.10 ride moatte foar it poadium. Dan kinst hiel feilich ride op 6.12 of 6.13, mar dan hast ek neat. Ik bin dus echt gien foar in tiid fan 6.09. Ik woe de rûntsjes-29 sa lang mooglik fêsthâlde. Dat slagge ek. Fjouwer ronden foar de ein wie it klear."

Soad media

Nei ôfrin fan syn race moast Kramer in soad media te wurd stean. "Ik hie eins ferwachte mei in tiid fan 6.17 hjir wat rapper trochhinne te rinnen. Dat is net slagge", sei er as grap yn de National Speed Skating Oval fan Peking.
"Dat sjoch ik mar as in komplimint dan. Net sasear foar de rit fan hjoed (snein, red.), mar foar de ôfrûne fyftjin jier. De moraal fan it ferhaal is dat dit de lêste 5 kilometer wie. Oant no haw ik der eins net mei dwaande west. Je besykje in goede 5 kilometer te riden. Dat slagge net, ik ha der alles oan dien."

Net in soad emoasje

Kramer like der net in soad emosjonele gefoelens by te hawwen, krekt as foarige moanne by syn lêste optreden yn Thialf. Dat hat diels mei syn karakter te krijen, mar ek om't hy by de Spelen noch de ploege-efterfolging en massastart rydt.
"It is net mear sa fanselssprekkend as it altyd west hat. En dat wit ik", sei in realistyske Kramer. "In 'hard gelag' is it seker net, teminsten foar my net. It is spitich, mar it is earne ek goed sa. Ik haw nearne wat lizze litten. De lêste twa ronden hie ik tiid genôch om deroer nei te tinken dat dit myn lêste 5 kilometer wie", doelde er op syn hege rondetiden.
Kramer hopet dizze Spelen dochs noch in fiifde gouden medalje oan syn totaal ta te heakjen. "Op nei de ploege-efterfolging", besleat er.
Jorrit Bergsma © Orange Pictures
De fiif kilometer fan Jorrit Bergsma einige ek yn in teloarstelling. De reedrider fan Aldeboarn waard fiifde yn 6.13,18. Fjouwer jier lyn waard er noch tredde.

Minne start

"Ik hie hope om foar in medalje te riden", sei de 36-jierrige atleet. De Fries begûn stadich oan syn rit. Dêrtroch ried er neffens him hieltyd efter de feiten oan.
Jorrit Bergsma nei syn fiifde plak (ekskús foar de minne audio-ferbining):
"Dan sitst der net lekker yn en dan rekkest se net goed, bist der tsjinyn oan it wurkjen. Dan kostet it allinnich mar enerzjy", seit Bergsma.

Tsien kilometer

Bergsma hat gjin noed oer de tsien kilometer dy't er letter dizze Spelen noch ried. Mei de fitheid sit it goed. "Op de tsien kilometer leit de snelheid wat leger. Dy leit wat tichterby my. Dus ik meitsje my gjin soargen oer de tsien", seit Bergsma.
Sjoch foar mear nijs oer de Olympyske Spelen op ús temapagina. Dêr sjochst ek wannear't de Friezen yn aksje komme.