Sven Kramer slút lêste fiif kilometer ôf sûnder medalje, ek Bergsma bûten it poadium

Sven Kramer hat syn lêste fiif kilometer net ôfslute kinnen mei in olympyske medalje. De 35-jierrige Fries waard yn Peking njoggende. Ek Jorrit Bergsma foel bûten de medaljes.
Sven Kramer © Orange Pictures
Fanwegen syn lege wrâldbekerranking moast Kramer syn 125e fiif kilomter starte yn de earste rit tsjin de Deen Viktor Hald Thorup.
Oant trije rondes foar de ein slagge Kramer deryn syn rondes ûnder de tritich sekonden te hâlden, mar dêrnei rûn it hurd op. Kramer besleat syn race mei in rûntsje 31,5 en kaam ta in eintiid fan 6.17,04.

Nije kampioen

Al yn rit trije waard dúdlik dat de tiid fan Kramer lang net genôch wêze soe foar it earemetaal. Hallgeir Engebråten en Sergej Trofimov rieden mei respektyflik 6.09,88 en 6.10,27 flink ûnder de tiid fan de Fries.
Dêrmei wie wis dat nei Vancouver, Sotsji en Pyeongchang der wer in nije olympysk kampioen komme soe op dizze ôfstân.

Gjin medalje

Yn de lêste rit foar de dweil rekke Kramer ek noch ris syn olympysk rekôr kwyt oan Patrick Roest, dy't 6.09,31 ried. In medalje foar Kramer wie dêrmei definityf fan de baan.
Jorrit Bergsma © Orange Pictures
Direkt nei de dweil hie Jorrit Bergsma muoite om syn rondetiden leech yn de 29 sekonden te hâlden. De 36-jierrige reedrider, dy't dêrmei de âldste dielnimmer wie, ferlear hieltyd mear tiid op Roest.
Hy kaam úteinlik ta 6.13,18. Dat wie doe mei it fjirde plak al net genôch foar it poadium. En dan moasten der noch fjouwer ritten komme.

Van der Poel de kening

Topfavoryt foar de titel, de Sweed Nils van der Poel, kaam yn de alderlêste rit mei in geweldige einsprint ta 6.08,84. Dêrmei kroande er himsels mei in nij olympysk rekôr ta olympysk kampioen.
Roest einige as twadde en it brûns gie nei Engebråten. Bergsma en Kramer einigen respektyflik op it fiifde en njoggende plak.

Utslach 5.000 meter

1. Nils van der Poel (SWE) 6.08,84 (OR) (BR)
2. Patrick Roest (NED) 6.09,31
3. Hallgeir Engebråten (NOR) 6.09,88
4. Sergej Trofimov (RUS) 6.10,27
5. Jorrit Bergsma (NED) 6.13,18
9. Sven Kramer (NED) 6.17,04
Sjoch foar mear nijs oer de Olympyske Spelen op ús temapagina. Dêr sjochst ek wannear't de Friezen yn aksje komme.