Psy-Fi festival yn Ljouwert ferpleatst nei septimber

It Psy-Fi festival yn Ljouwert is ferpleatst nei 14 oant en mei 18 septimber. De organisaasje hat net krekt bekend makke wêrom, mar jout wol oan dat it om ferskate redenen is. It beslút is naam yn oerienstimming mei gemeente Ljouwert.
Psy-Fi festival yn 2018 © Omrop Fryslân
It festival soe yn 't earstoan tusken 24 en 28 augustus holden wurde. De organisaasje jout oan drok te wurkjen oan it programma. De kaartferkeap moat yn april úteinsette.
Ferline jier gie it festival fanwegen corona net troch. Ek wie der gedoch mei de regeljouwing en hege kosten by de lokaasje de Griene Stjer. Psy-fi soe mooglik ferhúzje, mar nei in fraach fan de gemeente en de provinsje is de organisaasje weromkaam op dat beslút.