Brûns foar Sanne Vermeer by Grand Slam yn Parys

Sanne Vermeer fan Stiens hat in brûnzen medalje pakt by de Grand Slam judo yn Parys. Yn de striid om it brûns by de kategory ûnder 63 kilo rekkene se ôf mei lângenoat Geke van den Berg.
Sanne Vermeer op argyfbyld © Orange Pictures
Vermeer begûn it toernoai tsjin de Britske Gemma Howell. De Friezinne wûn mei in ippon. Yn de kwartfinale wie Nami Nabekura lykwols te sterk foar Vermeer. De Japanse Nabekura wûn ek mei in ippon.
Yn har twadde kâns wie Vermeer de Koreaan Juyeon Lee lang om let wol de baas. Vermeer wist dat se by winst op har lângenoate Van den Berg in medalje pakke soe. De partij duorre noch gjin oardel minút. Vermeer beslikke de striid al fluch mei in ippon.