Schulting hat it smoar deryn nei fallerij: "Ik geef alleen mezelf de schuld"

In medalje, dêr hie eltsenien dochs stikem wol op rekkene by de mingde ôflossing fan it shorttrack sneon op de Olympyske Winterspelen yn Peking. It rûn lykwols oars: Suzanne Schulting foel yn de heale finale en dus oerhearske by har de teloarstelling nei de earste dei fan it wichtichste toernoai fan it jier.
© Orange Pictures
"Voor m'n gevoel had ik alles onder controle", seit Schulting tsjin de NOS. "Ik ben degene die valt, dus ik trek mij dit aan. Ik geef mezelf alleen maar de schuld."

Goed gefoel

Foarôfgeand oan de race wiisde neat derop dat it min ôfrinne soe. "Het gevoel was heel erg goed, dus daar ligt het echt niet aan", fynt Schulting. "De schaats brak onder mij vandaan. Er komen nog heel veel afstanden, maar hier winnen was zo mooi geweest", jammeret se.
Sjinkie Knegt sjocht mei in hiel oar gefoel nei de earste dei fan syn toernoai. Hy pleatste him sûnder problemen foar de kwartfinale op de 1.000 meter. "Dit wie in prima begjin", seit de Bantegeaster tsjin de NOS. "Ik ha in goede 1.000 meter riden."
© Orange Pictures
Knegt makke it yn syn heat noch wol efkes spannend. Hy ried sawat de hiele rit op it twadde plak, mar op it lêst naam hy risiko en waard dêrtroch hast noch tredde. Dat tredde plak hie útskeakeling betekenje kind. "Ik woe de Koreaan (Hwang Dae-heon, red.) ynhelje, mar dat hie ik oars oanpakke moatten. Gelokkich hie ik noch genôch snelheid om as twadde oer de streek te kommen."

Trije regels

Knegt fûn it spitich dat der gjin medalje helle waard op de ôflossing. "Der binne dizze Spelen trije regels: gjin corona krije, net falle en gjin penalty pakke. It mislearre al by de twadde regel. Dat is tige spitich, want ik tink dat wy it bêste team wienen."
Sjoch foar mear nijs oer de Olympyske Spelen op ús temapagina. Dêr sjochst ek wannear't de Friezen yn aksje komme.