Noord Nederlands Orkest mei net spylje fan Rammstein: shows mei Feuerengel skrast

It Noord Nederlands Orkest (NNO) skrast de optredens mei de Rammstein-coverband Feuerengel. De band hat witte litten net te kommen en hat it kontrakt opsein. By it NNO binne se bot teloarsteld.
It 'Gesamtkunstwerk' giet net mear troch:
It Noord Nederlands Orkest soe op 9 en 11 febrewaris optrede mei Feuerengel. Beide konserten wienen al útferkocht. It wie ek de start fan in grut edukatyf projekt mei tûzenen skoalbern yn Noard-Nederlân.

Assosjaasjes

Artistyk lieder Marcel Mandos hat net fuort in reden krigen werom't Feuerengel him weromlûkt. "We denken dat het te maken heeft met Richard Wagner. Wij wilden stukken van Wagner spelen in combinatie met de Rammstein-vertolking van Feuerengel. Rammstein wil alleen niet geassocieerd worden met Wagner."
Dat hat te krijen mei de antysemityske ynslach fan de stikken fan Wagner. Rammstein is in band dy't minsken just warskôgje wol foar ditsoarte fan tinkbylden. It lesprojekt giet wol troch, seit Mandos: "Maar wel in aangepaste vorm uiteraard. We gaan daar iets alternatiefs voor bedenken."
Minsken dy't al in kaartsje hawwe, krije har jild werom.
Gjin Rammstein foar it NNO