Fryske oersetting fan 'The Hill We Climb' is klear

'De hichte beklimme wy' is de titel fan de Fryske oersetting fan it ynhuldigingsfers The hill we climb fan Amanda Gorman. De Fryske ferzje fan Friduwih Riemersma en Michelle Samba wurdt op 11 febrewaris útrikt.
Amanda Gorman lies it fers by de ynauguraasje fan Biden © ANP
It fers is skreaun troch Amanda Gorman. Sy is de alderearste National Youth Poet Laureate of the United States en in minskerjochte-aktiviste. Sy droech it fers op 20 jannewaris ferline jier foar foar de Amerikaanske presidint Joe Biden.
It boadskip fan it gedicht is ien fan hoop: it ropt op ta lykweardigens en rjochtfeardichheid. It gedicht is oerset troch Friduwih Riemersma, mei help fan sensitivity reader Michelle Samba.
Friduwih Riemersa wennet yn Amsterdam en hat earder ferskate boeken útbrocht, lykas 'Kultuerferlies, Fryslân fan 1989 oant 2018' en 'Myn binêre koade'. Se is de dochter fan skriuwer Trinus Riemersma.
Nasjonaal Koördinator tsjin Diskriminaasje en Rassisme Rabin Baldewsingh krijt op 11 febrewaris it earste eksimplaar. De Fryske oersetting is makke yn opdracht fan de provinsje.
Der wie oer de hiele wrâld in soad te dwaan om it fers, om't guon fine dat it troch swarte oersetters oerset wurde moat. Mar foar dizze ferzje is harke nei it Fryske ferlet fan in oersetting dy't oanslút by de lânseigen identiteit, sa lit de provinsje witte.
Oer de Fryske fersje fan it gedicht wie lykwols ek it ien en oar te dwaan. Sa soene oersetter Friduwih Riemersma en sensitivity reader Michelle Samba beide in hiel oar bedrach frege ha as fergoeding by de útjouwer. Riemersma woe 500 euro krije foar it oersetten fan it gedicht, wylst Samba mei in bedrach kaam fan 2.000 euro. Yntusken soe dit, mei tuskenkomst fan deputearre Sietske Poepjes, oplost wêze.

Sits

Dochs wurdt wol ferwiisd nei it tema: it Hylper sitspatroan op it boekomslach wiist op de Fryske belutsenens by de kolonisearring fan eartiids. Sits is in beskildere stof dy't troch de VOC út Ynje helle waard en dy't brûkt waard yn in soad Hylper produkten, lykas klean, kessens en ynterieur.